Marienkirche (Husum)
De Marienkirche (Frysk: Marijetsjerke of Us Leaffrouwetsjerke) yn it Dútske Husum waard tusken 1829 en 1833 neffens in ûntwerp fan de Deenske boumaster Christian Frederik Hansen boud. De tsjerke fertsjintwurdigt de klassisistyske styl en foarmet yn fan de beste foarbylden fan dy boustyl yn Sleeswyk-Holstein.
Skiednis
bewurkje seksjeIn yn 1436 boude kapel waard yn 1448 in selsstannige, oan de hillige Maagd Marije wijde, parochytsjerke. Feroarings en útwreidings makken fan dizze tsjerke ien fan de grutste godshûzen yn de omkriten. De hast 100 meter hege toer hie in steile achthoekige spits, dy't letter mei in barokke lantearne opsierd waard. Fanwegen ferûnderstelde boufalligens waard dizze tsjerke yn 1807 ôfbrutsen. De ôfbraak fan de goatyske tsjerke wurdt as ien fan de grutste ferliezen yn de arsjitektuerskiednis fan Sleeswyk-Holstein beskôge. In selde lot trof de Vincelinkirche fan Neumünster, dy't yn de jierren 1828-1834 ek troch in ûntwerp fan Hansen ferfongen waard en grutte oerienkomsten mei de Marienkirche fan Husum toant.
De eardere ynrjochting
bewurkje seksjeMei útsûndering fan in beskilderd epitaaf en it brûnzen doopfont rekke de ynrjochting fan de goatyske tsjerke ferspraat troch ferkeap. Sûnt is in let-goatyske fleugelalter út de iere 16e iuw te sjen yn de St.-Jakobikirche fan Schwabstedt. Fan Hans Brüggemann, in ferneamde goatyske byldsnijer dy't tusken 1514 en 1523 yn Husum libbe, kaam in byldengroep fan de hillige Joris as drakendeader yn it Deenske Nationale Museum te Kopenhagen telâne. Ofkomstich fan in sakramintshûs is in ingel út 1520, dy't yn ien fan de Berlynske musea in plak krige.
Ynrjochting
bewurkje seksjeFan de âlde tsjerke stamt in epitaaf út 1576 en it doopfont út 1643. It oargel mei 37 registers waard yn 1963 troch Detlef Kleuker (Brackwede) boud en yn 1996 troch de oargelboufirma Lothar E. Banzhaf út Husum fergrutte.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Doopfont
-
Ynterieur rjochting kânsel
-
Oargel
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (Husum)
|