Marijetsjerke (Wierum)

De Marijetsjerke fan Wierum is de tsjerke fan de PKN-gemeente Nes-Wierum. Fan de oarspronklike tsjerke is allinnich de sealtektoer en it redusearre westwurk oerbleaun. It skip en it koer waarden yn 1912 ferfongen troch nijbou.

Marijetsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Wierum
adres Tsjerkeplein
koördinaten 53° 24' N 6° 00' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 12e iuw, 1912
boustyl diels romaansk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38739
Webside
PKN Nes-Wierum
Kaart
Marijetsjerke (Fryslân)
Marijetsjerke

De oarspronklike tsjerke waard ± 1200 boud op in terp yn 'e midden fan it doarp. Troch oerstreamingen is de noardside fan it doarp yn de see ferdwûn en kaam de tsjerke oan de râne fan it doarp te lizzen, tsjin de seedyk oan. De tsjerke waard yn 1912 foar it grutste part fernijd. Dat gyng doe om in tsjerke dy't hast folslein fan dowestien wie en ta de âldste tsjerken fan de krite rekkene wurde moast.

 
Wynwizer

De midsiuwske tsjerke hie yn de súdlike muorre goatyske finsters en boppe it súdlike portaal in lyts romaansk finster, wylst it koer in muorredikte smeller wie as it skip en goatyske finsters hie. Yn de noardlike muorre fan de tsjerke wiene de romaanske finsters tichtsetten en sa ek twa finsters yn de noardike kant fan it koer, mar noch dúdlik te werkennen. It koer wie fersierd mei in bôgefries, it skip mei in toskfries. De noarlike muorre hie boppedat in tichtmitsele portaal en in 4,5 meter brede trochgong, dy't ek tichtmitsele wie.

Fan de midsiuwske tsjerke binne de âlde toer en it redusearre westwurk bewarre bleaun. Yn de toer hinget in yn 1611 getten klok mei it opskrift Gregorius gregorii van Hall in Saxen goth mi int jaer ons Hern MDCXI. De klok is fersierd mei in rânereliëf fan fûgels.

 
Oargel

De gedieltlik fan dowestien boude toer hat in wynwizer yn de foarm fan in aak, in skip dat troch fiskers yn noardeast Fryslân eartiids in soad brûkt waard. De geveltoppen fan de toer binne yn 1819 boud. Tichtby de tsjerke stiet ek in stânbyld fan in wjirmdolster, makke troch Hans Jouta. It byld bringt de tiid fan de seefiskerij te binnen, doe't froulju fan it doarp seewjirms sochten op it waad foar de fiskfangst.

De tsjerketoer is erkend as in ryksmonumint.

It oargel waard yn 1821 troch de bruorren Van Dam boud foar de herfoarme tsjerke fan Tsjummearum. Yn 1877 ferkocht de herfoarme gemeente it oargel oan de grifformearde tsjerke fan Goes. De firma Dekker joech it oargel yn 1930-1931 in plak yn 'e herfoarme tsjerke fan Wierum. De oargelbylden koene fanwegen brek oan romte tusken it houten ferwulft net mear op de tuorren set wurde en soene neffens mûnlinge oerlevering noch in skoft by in partikulier yn 'e tún stien ha.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: