Mario Botta
Mario Botta (Mendrisio, 1 april 1943) is in Switsersk arsjitekt, berne yn it Italiaansktalige kanton Ticino. Tegearre mei Aurelio Galfetti, Luigi Snozzi en Livio Vacchini makket er diel út fan de Tessiner Skoalle.
Wurkpaad
bewurkje seksjeBotta ûntwurp syn earste gebou, in twagesinswenning yn Morbio Superiore yn Ticino, doe 't er noch mar 16 jier âld wie.
Hy studearre oan it Liceo Artistico yn Milaan en it Istituto Universitario di Architettura yn Fenetië. Syn ideeën binne beynfloede troch Le Corbusier, Carlo Scarpa en Louis Kahn. Hy begûn syn eigen arsjitekteburo yn 1970 yn Lugano, Switserlân.
Yn Nederlân boude er ein jierren 90 it kantoare- en appartemintekompleks La Fortezza oan de Avenue Céramique yn Maastricht en yn 2008 it appartemintekompleks La Vista yn it doarp Cruquius (Haarlimmermar).
-
Haadkantoar Gotthardbank yn Lugano (kanton Ticino), 1982-87
-
Watarimuseum foar hjoeddeiske keunst yn Shibuya-ku (Tokyo), ûntwerp 1990
-
San Francisco Museum of Modern Art, 1990-95
-
La Fortezza, Maastricht-Céramique, 1991-99
-
Museum Tinguely, Bazel, 1995-96
-
MART, museum foar hjoeddeiske keunst, Rovereto, 2002
-
Wenten yn Locarno (Ticino), 2002
-
Sintrale bibleteek yn Dortmund
-
It Bechtler Museum of Modern Art yn Charlotte, Noard-Karolina
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Offisjele webside
- Swiss Architecture troch Mario Botta op de Francisco Marroquín University
- Katedraal fan de Opstanning fan Évry
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mario Botta fan Wikimedia Commons. |