Mario J. Lucero (folút Mario Julian Lucero; Albuquerque (Nij-Meksiko), 8 juny 1988) is in Amerikaansk ûndernimmer, dy't yn 2006 mei Isabel Ruiz it bedriuw Heaven Sent Gaming oprjochte.

Mario J. Lucero
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mario Julian Lucero
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 juny 1988
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
etnisiteit Spaansk
wurkpaad
berop/amt ûndernimmer
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
mblog.heavensentgaming.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lucero waard yn 1988 berne yn Albuquerque, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, as de soan fan cowboy Haracio Pargas en Cathleen Lucero. Hy hat twa susters. Syn âlden giene útinoar doe't er noch hiel lyts wie, en hy waard grutbrocht troch syn mem en fanôf in jier as tsien troch syn pake en beppe oan memmekant, Joe M. Lucero, in pinsjonearre frachtweinsjauffeur, en dy syn frou Antonia "Toni" Lucero.

Op 'e middelbere skoalle kaam Lucero yn 'e kunde mei Isabel Ruiz, en yn 2004 krigen se in relaasje. Persiis tsien jier nei harren earste ôfspraakje, op 24 oktober 2014, trouden se mei-inoar. Ruiz is in sânde-deisadvintist, wylst Lucero roomsk is. Nei de middelbere skoalle folge Lucero in oplieding yn kompjûterkunde, mar dy joech er deroan om 'e mantelsoarch foar syn demint wurden pake en beppe op him te nimmen. Yn 2006 rjochte er mei Ruiz it multymediabedriuw Heaven Sent Gaming op, dêr't er behalven as CEO ek wurksum foar is as ûntwerper.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Biografy fan Mario J. Lucero op Conservapedia