Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester (Warten, 17 juny 1988) is in Frysk sylster yn de Laser radiaal-klasse. Bouwmeester waard twa kear Olympysk kampioen.

Marit Bouwmeester
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 17 juny 1988
berteplak Warten
sportive ynformaasje
sport silen
ûnderdiel Laser radiaal
trener Mark Littlejohn
earste titel NK 2007 Laser Radiaal
O.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020
Parys 2024
debút 2002
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 2016, 2024
1x sulver Olympyske Spullen 2012
1x brûns Olympyske Spullen 2020
4x goud WK 2011, 2014, 2017, 2020
3x sulver WK 2010, 2018, 2019

Bouwmeester har karriêre begûn doe't se nei eigen sizzen per ûngelok yn de jeugd kearnploech fan it hurdsilen bedarre mei har boat de optimist. Doe't se te âld waard foar de optimist, is se oerstapt op de Laser radiaal klasse hokker no in Olympyske klasse is.

Yn it Australyske Perth waard de sylster wrâldkampioen. De olympyske wedstriden wurde syld op it wetter by Weymouth. Dêr wûn Marit earder dit jier de wrâldbekerwedstriid en ek it pre-olympysk toernoai. Boppedat waard se winner fan de wrâldbeker yn Medemblik. As de nûmer ien op de wrâldranglist en winner fan it algemien klassemint om de wrâldbeker 2011 wie de 23-jierrige sylster ien fan de grutte favoriten foar it WK fan Perth. Tidens it Wrâldkampioenskip yn it Spaanske Cadiz, wist Bouwmeester har te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen.

Bouwmeester die fyftjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip, seis kear oan it Europeesk kampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 2012, 2016, 2020 en 2024). Sy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, trije kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen.

Nei de Olympyske Spullen yn Tokio naam Bouwmeester in pauze fan it silen en krige in berntsje, yn 2023 wie se wer werom op it heechste nivo, mei in gouden medalje op de Europeeske kampioenskippen.

Underskiedings

bewurkje seksje

Foar har sylprestaasjes krige se yn 2010 en yn 2011 de Conny van Rietschoten Trofee, de grutste sylpriis fan Nederlân. by de huldiging op 24 augustus 2016 is hja keninklik ûndrskieden foar har prestaasje troch kening Willem Alexander. Hja is benoemd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje -Nassau. Nei oanlieding fan har olympyske gouden medalje mocht hja foar de tredde kear de Conny van Rietschoten Trofee yn ûntfangst nimme, diskear dield mei olympysk kampioen RS:X Dorian van Rijsselberghe. Yn 2017 krige hja de ISAF World Sailor of the Year Award. Op 15 febrewaris 2017 waard se foar de fyfde kear yn har karriêre útroppen ta Frysk sportfrou fan it jier, yn dit gefal sportfrou fan it jier 2016, tegearre mei turnster Sanne Wevers fan It Hearrenfean.[1]

Laser radiaal-klasse:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. Lolkema, Renze, Vier sportvrouwen van het jaar, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2017, s. 2.