It markyske is in âld Nederlânsk hûneras. It hûntsje, yn 'e regel swart mei somtiden wat wyt, is faak te sjen op 17e- of 18e-iuwske skilderijen en waard letter net mear op ras fokt.

markyske
algemiene ynformaasje
alt. namme Hollânske Tulpehûn
oarsprong Nederlân
klassifikaasje steande hûn
FCI-nû. (noch net erkend troch de FCI)
lichemsskaaimerken
skofthichte 35-37 sm
gewicht 6-8 kg
kleur swart, mei wite ôftekening

It markyske kaam wer yn de belangstelling nei't Mia van Woerden nei Fryslân ferhûze en yn Boarnburgum in buorfrou krige dy't in lyts swart hûntsje hie. Neffens de buorfrou wie dat in markyske en sa kaam frou Van Woerden yn 'e kunde mei in hûneras dêr't hja mear oer witte woe. Healwei de jierren 1970 sette hja in oprop yn ferskillende kranten en hûneblêden om mear ynformaasje oer it markyske. Op dy oprop folgen in soad reaksjes út it lân en sels út it bûtenlân wei.

Yn 1977 wiene der genôch minsken dy't meiwurkje woene om it ras werom te heljen en sûnt waard der socht nei hûntsjes dy't foldiene om mei te dwaan oan in fokprogramma. Ien hûntsje op dy keuring kaam hiel ticht by it idéaal fan it markyske, it teefke Pom, dy't sa de stammem wurde soe fan it werom te fokken markyske. Om't de earste geskikte hûnen noch te grut wiene, waard der ek mei lytsere hûnerassen krúst lykas bijkes en mollehûntsjes. Pom krige trije nesten en yn 1980 wiene der yntusken 24 teefkes en 12 rikels dy't geskikt wiene foar it fokprogramma.

Op 24 juny 1979 waard in feriening oprjochte, de 'Vereniging voor liefhebbers van het Markiesje'. Yn 1980 waard de standert dêr't it markyske oan moast foldwaan opsteld, folge troch goedkarring fan de Ried fan Behear op Kynologysk Gebiet yn Nederlân. Sûnt 1981 waard in begjin mei de registraasje makke fan alle markyskes, jonge hûnen en markyske-eftige hûnen dy't by de feriening oanmeld waarden. It markyske waard op 1 maaie 1999 as offisjeel Nederlânsk ras erkend.

Mei it programma waard der yn slagge om in homogene populaasje markyskes te fokken, alhoewol't it ras foar 99% út basterthûnen weromfokt is. Yn 2021 wiene der likernôch 3.300 registrearre markyskes, werfan't sa'n 2.000 yn libben.

It markyske is in elegant en parmantich selskiphûntsje (rasgroep 9) fan it type spaniël. It hûntsje hat in fine bou, mei side-eftich, glânzgjend hier mei oan de heech oansette earen, oan de sturt en de efterpoaten langer hier. Yn 'e regel binne markyskes swart, mar wite ôftekening wurdt tastien; it perzintaazje wyt mei lykwols nea mear as 40% wêze. De eagen fariëarje fan ljochtbrún oant donkerbrún oant swart en meie nea útpûlje. Ek markyskes mei in brune kleur komme foar.

De skofthichte fan in rikel is 37 sintimeter, foar in teefke 35 sintimeter (mei in mooglike ôfwiking nei boppe fan 2 sintimeter en nei ûnder fan 3 sintimeter).

It hûntsje is freonlik, rêstich en yntelligint en hâldt fan selskip, mar is ek wach en jout lûd by ûnferwachts folk. markyskes binne aktyf en meie graach bûten wêze.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Romijn en Ineke Dirkse, Het Markiesje, een oud Nederlands Ras, Vereniging voor liefhebbers van het Markiesje - 2009, 2e printinge, ISBN 978949109872 7