Marsum Ahoy
'Marsum Ahoy!' is in Frysk liet fan de Aldjiersploech van Marsum.[1]
It nûmer waard yn 2015 opnomd mei de band Van Wieren om it doarp Marsum te promoatsjen.[2] Dêrnei waard in kampanje opset om 'Marsum ahoy' yn de Fryske Top 100 te krijgen.De shanty-hit kaam dêrtroch yn 2015 as heechste binnenkommer op it tredde plak fan de Fryske Top 100. [3] It nûmer waard makke nei oanlieding fan de iepening fan de Middelseeslûs yn it doarp troch Piter Wilkens. [4] De slûs wie bedoeld om mear wettersporters nei it doarp te lûken. Troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert ûntstie der romte om de Ingelumer Feart troch te lûken nei it Deinumer Rak by Ritsumasyl. Dêrtroch koe der trochfard wurde nei it iepen farwetter fan it Van Harinxmakanaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |