It Deinumer Rak is in feart fan Ritsumasyl nei Deinum. It wie in rak yn trekfeart tusken Frjentsjer en Ljouwert, part fan de Harnzer Trekfeart. Doe't it Van Harinxmakanaal oanlein waard, waard dat súdliker oanlein as ferkoarting fan de trije rakken fan de trekfeart yn dizze omkriten. Noardeast slút it Deinumer Rak oan op it Sylster Rak, súdeast op it Van Harinxmakanaal.