Marten Toonder (Rotterdam, 2 maaie 1912Laren, 27 july 2005) wie in wichtich Nederlânsk striptekener. As skriuwer en tekener fan Olivier B. Bommel en Tom Poes krige hy in protte bekendheid. Hy wie de broer fan skriuwer Jan Gerhard Toonder. In oantal fan syn boeken binne ek yn de Fryske taal ferskynd.

Marten Toonder yn 1972

Marten Toonder waard berne yn Rotterdam. Hy makke kennis mei strips troch de comics dy't syn heit Marten Toonder Sr., dy't seekaptein wie, út de Feriene Steaten meinaam. Nei syn HBS-eineksamen makke hy in seereis. Hy gie tegearre mei syn heit nei Argentynje ta, dêr't hy yn 1931 de assistint fan Disney-striptekener Dante Quinterno, Jim Davis moete. Hy rekke ynspirearre om sels strips te tekenjen en gong nei de Rotterdamse kunstakadeemje, mar ferliet dy al wer gau.

Yn 1935 troude hy mei Alfine Kornélie Dick, in buorfamke út syn jeugd, dy't as Phiny Dick sels ek strips tekene en skreaun hat; ek hat sy Marten holpen om teksten te betinken foar syn strips.

 
Toonder-monumint Rotterdam

Marten rjochte Toonder Studio's op, in bedriuw dat films en reklame produsearre. Yn 1964 ferhuze hy mei syn frou nei Greystones, yn Ierlân, om him folslein oan it striptekenjen te rjochtsjen. Hy besaude him dat it Ierske lânskip hiel bot like op wat hy al jierren yn syn Bommel-strips tekene hie.

Phiny ferstoar yn 1990, seis jierren letter. Yn 1996 troude Toonder opnij, mei de komponiste Tera de Marez Oyens, dy't datselde jier ferstoar. Sûnttiid wenne hy wer yn Nederlân, yn it Rosa Spier Huis te Laren.

Toonder ferstjert op 93-jierrige leeftyd yn syn sliep.

Yn 1938 ferskynt yn in Sweedske krante foar it earst in strip fan him. Yn de oarloch (1941) ferskine yn De Telegraaf de striprige dêr't it meast bekend troch wurden is, mei as haadpersoanen Tom Poes en Olivier B. Bommel. De strips hawwe in eigen, karakteristyk formaat: ien bledside tekst mei in paginabrede band fan plaatsjes derboppe, gjin tekstballonnen. Dêrtroch wurdt de oandacht fan de plaatsjes net ôfliede troch tekstballonnen en krijt de tekst in eigen libben. Dat wie in twingende eask fan destiidsk haadredakteur J.C. Fraenkel fan de Telegraaf. Yn totaal binne der 177 Bommelferhalen as striproman ferskynd, dy't letter meardere kearen opnij útbrocht binne yn boekfoarm. Dêrneist binne ek ferhalen ferskenen as gewoane strip yn ûnder oare stripwykblêd Donald Duck. Dy ferhalen wienen lykwols foar it grutste part skreaun troch meiwurkers en wurde dêrom meastentiids net rekkene ta it echte Toonder-wurk.

De bêste ferhalen ûnderskiede har troch subtile humor en min of mear ferburgen maatskippijkrityk (bygelyks yn de ferhalen De Boppebazen, "Het monster Trotteldrom", "Het huilen van Urgje", "Het nieuwe denken" en "De bevrijding van Sollidee"). Ek hawwe de ferhalen in bysûnder taalgebrûk. Wurden as "denkraam" en "minkukel" waarden ek bûten de strips fan Toonder bekend.

In oantal fan de Bommelferhalen binne ek as tekenfilm útbrocht. Lykwols wiene dy films net bot súksesfol. De tekenfilms hawwe wol de grappen, mar misten de subtilere humor dy't de ferhalen wol útazemje. De film "Als je begrijpt wat ik bedoel" is lykwols in útsûndering dêrop. Dy film krige fan Walt Disney en Warner Bros. in komplimint.

Oare stripferhaleriges fan Toonder binne:

  • de ferhalen van Panda
  • Koning Hollewijn; en
  • Kappie (Toonder.

In desimber 2005 ferskynde it boek (mei dvd) "De Tao van Toonder" fan Frank van Hartingsveld by útjouwerij Panda, dy't ek dwaande wie it folsleine wurk fan him út te jaan. Yn dat boek wurdt de libbensfilosofy fan Toonder útein setten oan de hân fan útspraken yn ynterviews. Nei in ferskil oer auteursrjochten waard yn 2006 troch in rjochterlik ferbod de ferkeap ferbean.

In desimber 2007 ferskine in stúdzje nei okkulte ynfloeden yn it wurk fan Toonder, "Heer Bommel en het para-abnormale, over de magie in de Bommelsaga", fan de hân fan Willem Venerius. De skriuwer krige dêrfoar meiwurking fan Eiso Toonder, de soan fan Marten Toonder.

Yn 1992 ûntfong Toonder de Tollenspriis foar syn hiele oeuvre.

Yn 2009 waard de Marten Toonderpriis ynsteld, in ûnderskieding foar striptekeners dy't in bydrage levere hawwe oan de Nederlânske kultuer.

Toonder yn it Frysk

bewurkje seksje
  • De oare wrald, oerset troch J. de Jong (1991)
  • It kwea-each, oerset Harke Bremer en Jarich Hoekstra (1994)
  • De boppebazen (1995)
  • It kukel (1996)
  • De útfalsels (1996)
  • De Fleurige útkyk (1997)
  • It foarlân, (1997)
  • De witmutse (1998)
  • De unistân (2000)
  • Uniek, hm...unyk, twatalich (2000).
  • De einichste ein (2001)
  • It spoek fan Bommelstate (2007)

Keppeling om utens

bewurkje seksje