Martinytsjerke (Itens)

De Martinytsjerke is de tsjerke fan de herfoarme gemeente fan Itens. De tsjerke is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Martinytsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Itens
adres Tsjerkebuorren 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1805 (tsjerke); 1842 (toer)
boustyl Empire, neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21538 [1]
 
Hardorff-oargel

De op in terp steande tsjerke datearret út de jierren 1804-1806 en ferfong yn dy tiid in âlder tsjerkegebou. De dakruter is fan lettere datum en waard yn 1842 boud.

By de restauraasje fan de tsjerke yn 1978 waarden de fûneminten werom fûn fan de âlde tsjerke. Under de houten flier waarden ek âlde sarken fûn, wêrfan't de âldste (1569) út de tiid fan foar de reformaasje stamt.

Yn de tsjerke stiet in preekstoel út de 17e iuw. Under de oargelgalerij steane oan wjerskanten fan it paad de banken foar de tsjerkfâlden, de rest fan de seal wurdt folle mei stuollen. Yn it paad tusken de stuollen lizze in pear âlde grêfsarken.

Under de koepel fan de toer hinget de troch Stefanus getten klok út 1312.

It oargel is 19e-iuwsk en waard boud troch Willem Hardorff, dat op 25 augustus 1876 yn gebrûk nommen waard. Bakker & Timmenga brocht yn 1923 in pear feroarings oan it ynstrumint oan.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: