Mauritsius

lân yn Afrika
(Trochferwiisd fan Maurisius)
République de Maurice
Republic of Mauritius
Flagge fan Mauritsius Wapen fan Mauritsius
Flagge Wapen
Lokaasje fan Mauritsius
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Port Louis
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2040 km²
0,05­%
Ynwenners (2013) 1.3 miljoen
Munt Mauritiaanske rupee (MUR)
Tiidsône UTC +4
Nasjonale feestdei 23 july
Lânkoade MUS
Ynternet .mu
Tillefoan 230

Mauritsius, sûnt 1992 offisjeel de Republyk Mauritsius, is in eilân en lân yn Afrika, en it leit sa'n 855 km beëasten Madagaskar yn de Yndyske Oseaan. De haadstêd is Port Louis.

Neist Mauritsius bestiet de Republyk Mauritsius út de eilannen St. Brandon, Rodrigues en de Agalega Eilannen. Mauritius, Rodriguez en it eilân Réunion (dat by Frankryk heart) foarmje meielkoar de Maskarenen-arsjipel, neamd nei de Portugees Don Pedro Mascarenhas, dy't as ien fan de earsten op Mauritius oan wâl kaam.

Der binne oanwizings dat de Arabieren om it jier 1000 hinne al fan it bestean fan it eilân ôfwisten. Fêst stiet dat de Portegezen yn it begjin fan de 16e iuw op Mauritsius oan wâl kamen. Sy brûkten it eilân as tuskenstop op harren seereizen, mar festigen harren dêr net.

It eilân wie noch ûnbewenne, doe't yn 1598 foarsichtich kolonisearre waard troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy. It eilân waard neamd nei Prins Maurits greve fan Nassau. Pas fan 1638 ôf waard it eilân echt as haven brûkt mei de bou fan it fort Freark Hindrik.
De Nederlanners bouden dêr sûkerreid, wat noch altiten in belangryk eksportartikel fan it eilân is. Fierders brochten de Nederlanners dêr frjemde diersoarten as de geit, apen, rotten ensfh. De ynlânske dodo waard troch de Nederlanners folslein útrûge.

Om't it eilân yn 1695 troffen waard troch in swiere orkaan ferhuzen de Nederlanners harren koloanje nei de kaap. Yn 1715 waard Mauritsius kolonisearre troch de Frânsen, dy't it goed lizzen fûnen op harren rûte nei it Easten. Sy neamden it eilan Île de France.

Yn 1810 waard it troch de Ingelsen ferovere, dy't it wer 'Mauritius' neamden. By de Frede fan Parys yn 1814 waard it eilân offisjeel part fan Grut-Brittanje. Pas yn 1968 krige it eilân syn ûnôfhinklikens, alhoewol't it binnen it Britske Mienebest bleaun is.

De ynwenners fan Mauritsius stamme foar 68% ôf fan Foaryndjers (meastentiids de arbeiders op de sûkerplantages); hja wurde ek wol Yndo-Mauritaanjers neamd, 27% fan de ynwenners Kreoal. Mauritsius hat ek 2% Frânsk-Mauritaanjers (neikommelingen fan Frânsken) en 3% Sino-Mauritaanjers (neikommelingen fan Sinezen).

De offisjele taal is it Ingelsk, mar de fan it Frânsk ôflate Mauritiaansk Kreools wurdt troch it meastepart fan de befolking sprutsen. Ek oerhearsket it Frânsk yn de media.