Mean Streets (ferhalebondel)
Mean Streets is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel. De titel betsjut (frij fertaald) "Gefaarlike Strjitten". It boek omfettet fjouwer koarte ferhalen (of novelles), dy't oer privee-detektives fan it urban fantasy-sjenre geane. Se binne spesjaal foar dizze bondel skreaun troch Jim Butcher, Simon R. Green, Kat Richardson en Thomas E. Sniegoski. Mean Streets waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.
Mean Streets | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | ferskaat | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2009, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
kodearring | ||
ISBN | 0 45 14 62 491 |
Ferhalen
bewurkje seksje- Jim Butcher, The Warrior (ûnderdiel fan The Dresden Files)
- Simon R. Green, The Difference a Day Makes (ûnderdiel fan 'e Nightside-searje)
- Kat Richardson, The Third Death of the Little Clay Dog (ûnderdiel fan 'e Greywalker-searje)
- Thomas E. Sniegoski, Noah's Orphans (ûnderdiel fan 'e Remy Chandler-searje)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|