{{{namme}}}
Logo for waze.svg

Waze (Hebriuwsk: ווייז), earder FreeMap Israel, is in dochterûndernimming fan Google dy'tsatellytnavigaasjesoftware beskikber stelt op smartphones en oare kompjûters dy't it Global Positioning System (GPS) brûke. Njonken stap-foar-stapnavigaasje binne ferwachte oankomsttiden en rûtedetails beskikber wannear't de brûker ferbining mei it ynternet hat. Waze beskriuwt syn applikaasje as in troch frijwilligers oandreaun inisjatyf dat fergees te downloaden en te brûken is.

De software waard oarspronklik ûntwikkele yn Israel troch Waze Mobile, in bedriuw oprjochte troch de Israelyske ûndernimmers Ehud Shabtai, Amir Shinar, en Uri Levine. De finansiering foar it oarspronklike projekt waard levere troch twa Israelyske risikokapitaalbedriuwen, Magma en Vertex Ventures Israel. Yn de iere faze waard it ek troch it Amerikaanske risikokapitaalbedriuw Bluerun Ventures finansiere. Yn juny 2013 waard Waze Mobile oankocht troch Google foar 1,3 miljard Amerikaanske dollars.

De applikaasje generearret ynkomsten troch hyperlokale advertinsjes oan in skatte 130 miljoen brûkers.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Yn 2006 stifte de Israelyske programmeur Ehud Shabtai in frijwilligersprojekt bekend as FreeMap Israel, dat as doel hie om mei help fan frijwilligers in fergeze digitale kaartdatabase fan Israel te meitsjen, gearstald yn 'e Hebriuwske taal. Yn 2008 foarme Shabtai in bedriuw neamd Waze om it earste projekt te kommersjalisearjen; yn 2009 waard it bedriuw omneamd ta Waze Mobile Ltd.

Yn 2010, helle it bedriuw 25 miljoen Amerikaanske dollars op oan finansiering; yn it folgjende jier waard nochris 30 miljoen ekstra ophelle. De applikaasje waard yn 2011 bywurke om realtime troch frijwilligers gearstalde nijsgjirrige plakken wer te jaan, ynklusyf pleatslike eveneminten lykas braderyen en protesten.

Yn desimber 2011 hie Waze 80 minsken yn tsjinst. 70 dêrfan hiene har stânplak yn Raʽanana, Israel. De oerbleaune 10 hiene har stânplak yn Palo Alto, Feriene Steaten. Yn novimber 2012 begûn it bedriuw syn applikaasje te kommersjalisearjen, troch it oanbieden fan in webinterface foar bedriuwen om te advertearjen op basis fan lokaasje. Der is ek in webinterface foar telefyzjestjoerders besikber, om aktuele ferkearsrapporten en warskôgings direkt út de Waze-applikaasje wei út te stjoeren. Yn juny 2013 makken 25 Amerikaanske telefyzjestjoerders gebrûk fan dy mooglikheid. Sûnt 24 july 2013 wurdt dy mooglikheid ek brûkt yn Rio de Janeiro, Brazylje, binnen Centro de Operações Rio (Operaasjesintrum fan Rio), lykas yn 'e Amerikaanske steaten New York en Nij-Jersey sûnt 2012.

Yn 2013 joech de GSM Association, in hannelsferiening fan oanbieders fan mobile netwurken, op it Mobile World Congress Waze de priis foar bêste algemiene mobile app.

Oername troch Google

bewurkje seksje

Yn juny 2013 waard Waze oankocht troch Google foar 1,3 miljard Amerikaanske dollars. De 100 meiwurkers fan Waze krigen gemiddeld sawat 1,2 miljoen dollar: de grutste útkearing oan meiwurkers yn Israelyske technologysektor.

Yn juny 2013 ûndersocht de Federal Trade Commission (FTC) fan 'e Feriene Steaten oft Google syn oankeap fan Waze mooglik yn striid wie mei de konkurrinsjewet; Waze wie ien fan de lytse groep konkurrinten yn 'e mobile kaartsektor tsjin Google Maps . De FTC besleat letter dat it de oername net oanfjochtsje soe; it Office of Fair Trading fan it Feriene Keninkryk en de Israelyske antitrustautoriteit fierden ek in ûndersyk út en besleaten úteinlik om de oername net oan te fjochtsjen.[1] Yn 2020 kundige de FTC lykwols oan dat it de oername fan Waze yn 2013 op 'e nij ûndersykje soe.

Waze sammelet kaartgegevens, reistiden en ferkearsynformaasje fan brûkers en bewarret it op har servers, sûnder kosten foar Waze. Waze-brûkers ("Wazers") kinne ûngemakken, files, snelheids- en plysjekontrôles melde. Dêrneist kinne se mei de online kaartbewurker (Waze Map Editor) diken, lokaasjes, hûsnûmers, ensfh bywurkje. Waze stjoert anonime ynformaasje, ynklusyf de snelheid en lokaasje fan brûkers, werom nei syn database om de tsjinst as gehiel te ferbetterjen.

Op grûn fan de sammele ynformaasje is Waze dan yn in steat om rûtes en realtime ferkearsupdates te leverjen. Waze kin ek it goedkeapste tankstasjon by in brûker of lâns syn rûte identifisearje, salang't Waze de opsje om brânstofprizen te registrearjen foar dat lân ynskeakele hat. De brânstofprizen wurde rapportearre en bywurke troch brûkers en/of oare tredden yn 'e buert fan in stasjon. De funksje ûndersteunt op it stuit allinne prizen foar benzine en disel.

Waze biedt stimnavigaasje, realtime ferkear en oare lokaasjespesifike warskôgingen. Waze moediget brûkers oan om ferkears- of dykgefaarlikheden te melden troch stimulânsen lykas it krijen fan punten.

Mooglikheden

bewurkje seksje

Waze hat de mooglikheid om brûkers rûtes oan te bieden op basis fan crowdsourced ynformaasje. Waze-brûkers kinne in mannichte fan ferkearsrelatearre ynsidinten melde, fan ûngemakken oant plysjekontrôles. Dy gegevens wurde troch Waze brûkt om oare brûkers te helpen, troch se yn it foar te warskôgjen, of troch de brûker in omliedingsrûte te jaan. Njonken brûkersynput fertrout Waze op ynformaasje fan steatsynstânsjes foar saken lykas weiwurksumheden. It idee dêrachter is dat hoe mear minsken gegevens leverje, hoe krekter de ynformaasje wêze sil.

Neist it brûken fan crowdsourced ynformaasje foar ferkearsmeldingen, lit Waze registrearre brûkers de kaart ek oanpasse fia de Waze Map Editor. Kaartbewurkers kinne wizigingen oanmeitsje oan 'e kaart op basis fan wêr't se riden ha wylst se Waze brûke, yn kombinaasje mei har rang dy't basearre is op hoefolle kaartbewurkingen in brûker makke hat. Yn juny 2013 yntrodusearre Waze in wrâldwiid lokalisaasjeprojekt dat takomstige dykôfslutingen en realtime ferkearsupdates mooglik makket by grutte eveneminten yn in bepaald lân, bygelyks Tour de France. Yn deselde moanne waard Waze troch Google oernommen. Op it momint fan de oername wiene der hast 50 miljoen Waze-brûkers. Sûnt 2017 binne der opsjes tafoege foar motorfytsers en spesjale rûtes foar minsken dy't yn oanmerking komme om op carpoolstreken te riden.

Waze lit brûkers har eigen navigaasjestim kieze. Neist reguliere navigaasjestimmen yn ferskate talen (wêrûnder it Frysk) binne der ek bysûndere stimmen lykas dy fan Morgan Freeman, T-Pain, DJ Khaled, Arnold Schwarzenegger, Cookie Monster, Colonel Sanders, Kevin Hart en Shaq besikber.

Yn maart 2017 kundige Spotify in partnerskip mei Waze oan om funksjes fan beide apps yninoar te yntegrearjen. Wazers kinne muzyk op Spotify direkt út de Waze-app wei ôfspylje en oarsom Waze-oanwizingen krije yn Spotify op Android. Seis moannen letter waard de funksje beskikber foar iOS. Yn maaie 2017 yntrodusearre Waze de mooglikheid foar brûkers om har eigen stimnavigaasjeprompts op te nimmen.

Sûnt augustus 2018 wurket Waze mei Android Auto. Sûnt septimber 2018 wurket Waze ek mei Apple CarPlay, neidat Apple iOS 12 útbrocht.

Yn oktober 2018 kundige Waze in partnerskip oan mei Pandora, Deezer, iHeart Radio, NPR One, Scribd, Stitcher, en TuneIn om dy apps lykas Spotify yn de Waze Audio Player te yntegrearjen.

Yn febrewaris 2019 waard ûndersteuning foar Siri Shortcuts oan Waze op iOS tafoege. Yn maaie 2019 kundige it bedriuw oan dat it Pandora as nije streamingtsjinst tafoegje soe oan de muzykspilerfunskje foar iOS-brûkers. Yn augustus 2019 hat Waze yntegraasje mei YouTube Music tafoege oan beide platfoarmen.

Google kundige op de Google I/O ûntwikkelderskonferinsje yn 2019 oan dat it yntegraasje mei Google Assistant oan Waze tafoegje soe. De yntegraasje waard yn juny 2019 foar brûkers fan Android beskikber steld.

Yn septimber 2020 hat Waze ûndersteuning foar baanbegelieding tafoege. Waze kundige ek oan dat it fan oktober 2020 ôf reissuggestjes ymplementearje soe dy't basearre binne op koartlyn besochte plakken.

Waze hat in losse app foar carpooling, Waze Carpool neamd. De app waard foar it earst lansearre yn 2016 en wie beskikber yn de Feriene Steaten, Brazylje en Israel. Google hat oankundige dat yn 2022 de stekker út de app lutsen wurde sil, mei as wichtichste reden de koroanapandemy dy't derfoar soarge hat dat in soad minsken net mear oan carpooling dogge.

Connected Citizens Program / Waze for Cities

bewurkje seksje

Yn juny 2014 lansearre Waze it Connected Citizens Program (CCP), in fergees programma om ûnderling data út te wikseljen. It programma wurdt brûkt troch mear as 450 oerheden, ministearjes en gemeenten foar ferkearsanalyze, planning fan weiwurksumheden en it útstjoeren fan helptsjinsten. It programma wurket twa kanten op; ynformaasje fan Waze wurdt oan de partner beskikber steld en oarsom.

Yn 2014 begûn Rio de Janeiro gegevens te sammeljen foar syn ferkearsbehearsysteem. Rio sammelet realtime gegevens fan sawol bestjoerders dy't de Waze-app brûke as fuotgongers dy't de app foar iepenbier ferfier Moovit brûke. Rio wie ek yn petear mei de eigeners fan fytsapp Strava om ferkearsbewegingen fan fytsers te folgjen. It waard opmurken dat hoewol't de gegevens dy't de apps dielden yn earste ynstânsje allegear anonym wiene, it mooglik waard om brûkers te identifisearjen as se tastimming joegen om fia harren smartphones folge te wurden.

Yn 2021 gie de biezem troch de tinte en waard it programma omneamd ta Waze for Cities (W4C).

Der binne soargen dat de app op smartphones brûkt wurde kin om brûkers te identifisearjen en te folgjen.

Guon minsken ha har soargen útsprutsen oer it foarútsjoch dat hieltyd mear bestjoerders Waze brûke. Se sizze dat Waze it potensjeel hat om har ôf te lieden mei in protte ikoanen en notifikaasjes, wat foar in grutter risiko op ûngelokken soargje soe.

Yn maart 2014 waard troch studinten fan de Israelyske technyske universiteit Technion in suksesfolle poging dien om in file yn sêne te setten.

Yn desimber 2014 klage it haad fan de plysje yn Los Angeles, Charlie Beck, yn in brief oan Google oer de funksje om foar plysjekontrôles te warskôgjen. Hy wie fan miening dat de funksje "misbrûkt wurde koe troch minsken mei ferkearde yntinsjes om plysjeaginten en de maatskippij yn gefaar te bringen". Hy bewearde dat Ismaaiyl Brinsley, dy't dy moanne twa NYPD-aginten deaskeat, yn de oeren foarôfgeand oan sjitpartij de Waze-app brûkt hie en in skermôfbylding fan de app op syn Instagramakkount pleatst hie. It die bliken dat dy bewearing net wier wie, want dat berjocht waard trije wiken foarôfgeand oan de sjitpartijen makke. Brûkers kinne plysjekontrôles trochjaan, de lokaasje fan de plysjekontrôle wurdt dêrnei by oare brûkers mei in lyts ikoan oanjûn. Ferskate plysjeynstânsjes stiene der by Google op oan om de funksje út te skeakeljen. Google stelt dat it witten wêr't plysjekontrôles binne foar feiliger rydgedrach soarget .

Yn april 2018 waard Waze bekritisearre foar it omlieden fan ferkear nei Baxter Street yn Echo Park, Los Angeles, ien fan de steilste heuvels yn 'e Feriene Steaten. De app krige de skuld foar it slimmer meitsjen fan de hjoeddeistige tastân fan 'e dyk en it fergrutsjen fan it oantal ûngelokken en ûnfeilige ferkearssituaasjes. De gemeente Los Angeles hat de dyk letter omfoarme ta in ienrjochtingsstrjitte.

Waze Mobile Ltd hat ferskate patinten. De software fan ferzje 2.x waard ûnder de GNU General Public License v2 útbrocht. De lisinsje wie net fan tapassing op de kaartgegevens. De basiskaart waard yn earste ynstânsje basearre op gegevens fan it TIGER-systeem fan it US Census Bureau. De gegevens fan FreeMap waarden net ûnder iepenboarne lisinsjes publisearre. Ehud Shabtai, dy't Freemap en Waze oprjochte en ûntwikkele stie derop om gegevens te crowdsourcen sûnder eksterne boarnen of projekten te brûken lykas OpenStreetMap, om't dat kommersjalisaasje fan de Waze-kaartgegevens beheine soe. Mei ferzje 3.0 waard de applikaasje folslein opnij skreaun en ûnder in propriëtêre lisinsje útbrocht. De lêste iepenboarne ferzje foar iOS en Android is 2.4.0.0, foar Windows Mobile is dat ferzje 2.0.

Yn maart 2014 waard troch accountant Roey Gorodish in groepsfoardering tsjin Waze ynstsjinne. Hy bewearde dat Waze it yntellektueel eigendomsrjocht skeinde troch kaartgegevens en koade fan it iepenboarne programma RoadMap te brûken, in projekt dêr't Ehud Shabtai yn 2006 foar de ferzje foar Windows PocketPC oan bydroegen hie. De rjochtsaak waard op 5 maart 2017 ôfwiisd mei in dúdlik beslút dat der yn dizze saak gjin basis foar in groepsfoardering wie. Op 28 jannewaris 2019 waard de rjochtsaak definityf ôfwiisd troch it Israelyske heechgerjochtshôf.

  • Ferliking fan satellytnavigaasjesoftware
  1. Waze - News - GCR - Global Competition Review Global Competition Review

Eksterne keppelingen

bewurkje seksje

Berjocht:Google LLC [[Kategory:Israelysk bedriuw]] [[Kategory:Software]] [[Kategory:Navigaasje]]