Wikipedia-logo-v2-fy.svg
Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet rjochtsboppe in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op Wikipedy te sykjen.

Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 46.801 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


KategoryenBewurkje

Goeie. En wolkom. It is moai om te sjen dat we der wer in meidogger by hawwe. Mar jo moatte eins al even sels de kategoryen tafoegjen oan 'e siden dy't jo oplade. Dat hawwe jo by Stephen King wol dien, mar by Just Around the Corner, HAL Laboratory en Simple Minds net. Ik haw dat no even oppakt, mar soks heart eins by it skriuwen fan in artikel. O, en persoanen moatte even alfabetisearre wurde op 'e efternamme, dus by Stephen King bygelyks komt dan boppe de kategoryen de tafoeging {{DEFAULTSORT:King, Stephen}} te stean. Oars komme se ûnder de foarnamme yn 'e kategoryen te stean en dan is it kategorisearjen sinleas. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 des 2020, 23.16 (CET)[]

Goeie, tige tank foar it op wei helpen. Ik sil der yn de takomst op lette dat ik de kategoryen fuortdaliks by it artikel set. Ek tank foar de útlis oer it alfabetisearjen, dat wie my noch net bekend. Hertlike groetnis, S.J. Arendz (oerlis) 16 des 2020, 00.14 (CET)[]