Waalbers
Stedsktalich artikel
bewurkje seksjeBêste Waalbers, ik bin Ieneach fan 'e Esk, al jierrenlang meidogger en behearder fan de Fryske Wikipedy. Dat jo graach yn jo eigen memmetaal skriuwe wolle, kin ik hiel goed begripe, want datselde haw ik mei it Frysk. Fral mei sa'n lytse taalfariant as it Frjentsjertersk fyn ik it in loflik stribjen om, sa't jo besykje, de taal yn libben te hâlden. Mar dit is de Fryske Wikipedy en it Stedsk kin net as in foarm fan it Frysk beskôge wurde. De Fryske Wikipedy is dêrom net it platfoarm om Stedsktalige stikken te publisearjen. Jo Genoatskap is in ûnderwerp dat seker ynteressant is foar dizze Wikipedy, mar it moat wol yn it Frysk beskreaun wurde, krekt as alle oare artikels hjirre. Dêrom haw ik jo tekst oerset nei it Frysk.
Jo moatte net tinke dat wy dit dogge om jo dwers te sitten of omdat wy wat tsjin 'e Stedske dialekten hawwe. Krektoarsom, as hânrikking oan jo hawwe wy jo oarspronklike tekst stean litten by wize fan foarbyld fan it Frjentsjertersk as skriuwtaal, en dêrhinne wurdt yn 'e ynlieding fan it Fryske artikel oer it Genoatskap dúdlik ferwiisd. It komt geregeldwei foar dat der Nederlânske of Ingelske teksten oan 'e Fryske Wikipedy tafoege wurde, en dy smite wy altyd daliks hielendal fuort. Yn jo gefal haw ik de muoite nommen om it hiele artikel yn it Frysk oer te setten en op plakken in bytsje by te skaven. (In tekst as "Ik mag lije dat de lezers hun houwe an ut mòtto fan ut Genoatskap" kin echt net yn in ensyklopedysk artikel: de skriuwer kin net nei himsels ferwize.) Ik fyn it dan ek net sa moai fan jo dat jo besocht hawwe de hiele fertaling fuort te smiten. Mar miskien hie ik jo de regels fan 'e Wikipedy útlizze moatten foar't ik mei jo bydrage oan 'e gong gie. Yn elts gefal hoopje ik dat jo begrip opbringe kinne foar ús stânpunt. Mei freonlike groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 des 2017, 18.05 (CET), Drewes (oerlis) 27 des 2017, 18.10 (CET)
- Bêste Ieneach (en Drewes). Ut spyt mij dat ik nyt earder op jou útleg en argumentasy reageare kon. Mar ik doën ut dan bij disse.
- Ik kin my fine in de tussenoplòssing dy 't jou bedòcht hewwe deur ut hânhaven fan de tekst in ut Franekers. Ik had dêr in de gauughyd geen acht op slagen. Fandêr myn earste, nògal impulsive reaksy: ut furtsmiten fan jou fertaling.
- Nou bin ik der tefreden met en de redaksionele ferbeteringen komme ut stuk te goëde. Ik hew dy in ut oarspronkeluke stuk ok min òf mear overnommen.
- Over de argumentasy "...it Stedsk kin net as in foarm fan it Frysk beskôge wurde." mutte we nòg mar us un boom opsette. Ik weet dat der goëdens binne dy ut Stâdsfrys earder beskouwe as un Hòllâns dialekt, mar dat mut nòg mar us bekeken wurde. We binne op 't heden doënde om, op basus fan de selfstannuge naamwoarden dy tòt nou toe opnommen binne in ut Franeker Woardeboek, te ondersoeken fan welke kant de meeste infloëden in ut Franekers te finen binne. At we der met klaar binne sille de rissultaten op ônze webside publiseard wurde. Misskyn is de útslag der met reden foar om ut Stâdsfrys ok as folweardug onderdeel fan disse Wiki te akseptearen. In ônze ogen sú dat Wikipedy un bredere betekenis en swaarder gewicht geve. In elk gefal is der met ut opnimmen fan ônze oarspronkeluk tekst al un begin maakt en dat skept ferwachtingen foar de toekomst. Foaral wêr 't ok gaat om foarbeelden út andere Stâdse dialekten.
- Ik sú nòg wel graag wete wille wêrom myn ânfullingen over de infloëden van ut Hòllâns op ut Leewarders en ut Franekers su rigoereus furthaald binne (ok nyt su netsys, hoewel ik mij foarstelle kin dat jim wat raar ânkeken hewwe teugen myn "Stêdhouwerlik Hôf"...).
- Okee, Waalbers, wat betreft de fertaling en sa: sân deroer. Wat betreft de fraach oft de Stedske dialekten it meast de Fryske of de Hollânske kant útskaaie: de taalkundigen lykje it deroer iens te wêzen dat it yn prinsipe Hollânske dialekten binne, dy't, dêr hawwe jo dan wol wer gelyk oan, in sterke Fryske ynfloed ûndergien hawwe. Dat jo graach sjen soene dat it Frjentsjertersk in folweardich ûnderdiel fan 'e Wikipedy wurdt, begryp ik. Foarbylden fan 'e oare Stedske dialekten binne yn elts gefal wolkom. Wy hawwe ek al in foarbyldtekst fan it Biltsk (sjoch: Bildts (foarbyldtekst)). Wat betreft it weromsetten fan jo oanfollings op it artikel oer it Frjentsjertersk moat ik myn ûntskuldigings oanbiede (by dizzen). Ik haw net goed nei de feroarings sjoen. Ik miende dat jo de tekst nei jo oanfolling (dus it hiele spul fan "Begjin septimber" oant "tsientûzen lemma's") fuortsmiten hiene. No't ik der nochris nei sjoen haw, sjoch ik dat jo dêr in nije alineä fan makke hiene. Ik haw dêrom jo oanfollings hersteld. Ik haw gjin goed ekskús dat ik der doe net goed nei sjoen haw, behalven dat ik dy deis hastich wie en dat wy hjir in protte te krijen hawwe mei fandalisme, net allinnich fan anonime meidoggers, mar sels ek fan lju dy't ûnder in meidochnamme ynlogd binne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 des 2017, 15.25 (CET)
- Su staan de neuzen tòch deselde kant op... Dank foar alle ândacht. Ik fertrou nou seker op un goeie samenwerking in de toekomst.
Ut infoegen fan ôfbeeldingen
bewurkje seksjeIk wú probeare om ôfbeeldingen an ôns ferhaal toe te foëgen. Nou skynt ut dat ik dêr toestemming foar noadug hew fan "erkende metwerkers". Hoe krij ik dy? Want dat soarte fan metwerkers binne hier (nòg) nyt bekend.
- Earst even it folgjende, Waalbers: it is eins de bedoeling dat jo jo 'útspraken' ûndertekenje troch der oan 'e ein ~~~~ oan ta te foegjen. Dan komt op dat plak automatysk jo meidochnamme + in link nei jo oerlisside (yn dit gefal net ynteressant, want dêr binne we hjir al) + datum en tiid te stean, krekt sa't dat ek by myn 'útspraken' it gefal is.
- Oer dy ôfbyldings. Ik wit net krekt hoe't jo dat besocht hawwe, mar yn prinsipe soe dat gewoan sûnder tastimming fan wa ek kinne moatte. Jo moatte yn 'e sidebar oan 'e linkerkant fan jo byldskerm ûnder it kopke "Helpmiddels" klikke op de link "Bied triem oan". Dan moatte jo op de side dy't dan ferskynt op 'e knop "Bladeren..." klikke en op jo eigen kompjûter de juste ôfbylding selektearje. By "gearfetting" moatte jo even oanjaan watfoar ôfbylding oft it is, en dan moatte jo by "lisinsje" oanjaan hoe't it mei de auteursrjochten sit troch te kiezen foar ien fan 'e dêr jûne mooglikheden. Dêrnei klikke jo hielendal ûnderoan op 'e knop "Bied triem oan" en dan wurdt de ôfbylding upload. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 des 2017, 15.36 (CET)
- Jou hewwe al begrepen dat ik nòg nyt bijster thús bin in de Wikiweareld.
- Dat fan dy Waalbers (oerlis) 30 des 2017, 00.35 (CET) begryp ik nyt helendal. Kinne jou mij dat nòg un bitsy útgebreider útlêge? Ik hew ok nyt goëd deur hoe 't ik myn opmerkings hier su mooi ondertekend krij as jou. Alfast bedankt foar de te nimmen moeite. Later sil ik dat met dy plaatsys útprobeare. Bedankt foar de ânwizingen.
- Wacht even, nou hew ik ut foar ut snòtsy.
- Waalbers (oerlis) 30 des 2017, 00.39 (CET)
- Jo hawwe it al útfûn, sjoch ik wol. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 des 2017, 16.47 (CET)