De Mellemole is in spinnekopmole en ryksmonumint by Akkrum.It is in poldermole dy't yn 1849 boud waard.

Mellemole
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Akkrum
adres Nije Skou 2
koördinaten 53° 01' N 5° 50' E
bysûnderheden
type mûne spinnekopmole
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk bemeallen fan de Polsleatpolder
flecht 14,08 meter
boujier 1864
oare ynformaasje
eigner Stifting Poldermoles 'De Lege Midden'
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35937
Webside
waterschapserfgoed.nl
Kaart
Mellemole (Fryslân)
Mellemole

Earst stie de mole as de Polsleatpoldermole op in oare lokaasje yn Akkrum. De spinnekop is de iennige mûne dy't oerbleaun is fan it grutte tal mûnen dat ea yn Akkrum en omkriten stie. Yn 1947 waard de spinnekop ferfongen troch in gemaal, mar der folge gjin ôfbraak.

Troch de útwreiding fan it yndustryterrein ûnder Akkrum moast de mûne yn 2004 ferhûzje nei it hjoeddeiske plak oan de ouwer fan It Deel by it pontsje fan Nijskou. De mole waard in bytsje oars werboud en krige de nije namme Mellemole. De mûne is mealfeardich en kin sûnt by need ynset wurde.

De Mellemole is ien fan de fjouwer spinnekoppen yn Fryslân mei in achtkante ûnderbou. In oare mole oan It Deel is de Grevensmole, dy't 2 km súdliker en op de westlike ouwer stiet.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mellemole fan Wikimedia Commons.