De Menningweermûne yn it Noard-Hollânske plak Grootschermer is in yn 1888 boude mealreeë poldermûne.

Menningweermûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Grootschermer
adres Menningweerdijk 2
koördinaten 52° 35'N 4° 50'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 21.30/21.46 m
boujier 1888
oare ynformaasje
eigner Hoogheemraadschap Holl. Noorderkwartier
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33090
Kaart
Menningweermûne (Noard-Hollân)
Menningweermûne

De earste twa mûnen fan it Skermereilân waarden yn 1542 boud. Ien fan 'e twa mûnen waard oan 'e Menningweerdyk op it plak fan 'e hjoeddeiske mûne delset. Dêr stie de mûne op in kaart út 1633 as in wipmûne tekene. Op in kaart fan 1648 wie dy mûne in binnenkruier, dus tuskentiids is de mûne op 'e nij boud. Oarspronklik lei de Menningweerpolder as bûtenpolder tsjin 'e omringdyk fan it Skermeilân, mar yn 1825 waard de polder nei de wettersneed by it Skermereilân lutsen en waard de bûtenkade ferswierre oant de hichte fan 'e omringdyk fan 'e Eilânspolder.

De bemealling fan 'e Menningweerpolder bleau nettsjinsteande in aparte bemealling hâlden troch in mûne mei in skeprêd. De mûne baarnde nei bliksemynslach yn 1888 ôf en waard doe ferfongen troch de hjoeddeiske mûne, dy't gjin skeprêd mear hie mar in skroef. De mûne wurke oant 1931 en nei't it geande wurk yn 1953 ferwidere waard, binne ek de wetterrinnen tichtsmiten. Fiifentritich jier letter waard de mûne wer hielendal mealree makke en sûnt is draait de mûne regelmjittich.

Tichteby de mûne stiet in lyts greidmûntsje.

De Menningweermûne is in reiddutsen, achtkante muonts. De kape hat in kruiwurk op houten rollen en is lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen in binnenkruier. De wjukken ha by de restauraasje fan 1988 it systeem Fauël mei stekbuorden op beide roeden krige. Foar dy tiid hie de mûne earder gjin wjukferbettering hân en wie de wjukken Ald-Hollânsk ophekt.

Tegearre mei in elektrysk gemaal bemeallet de mûne de polder mei deselde namme. Eigner fan 'e mûne is it wetterskip Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier. De mûne is net te besjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: