Menno fan Coehoorn

(Trochferwiisd fan Menno baron fan Coehoorn)

Menno fan Coehoorn (Britsum, 15 septimber (doopdatum) 1641 - 17 maart 1704, De Haach) wie in militêr en fêstingboukundige.

Menno fan Coehoorn

Yn it doopboek fan Britsum is fêstlein dat op 15 septimber 1641 dêr doopt is Minne de soan fan Goasse van Coehoorn en Aaltsje fan Hinkema. Dy Goasse, of sa't er it sels skreau Gosewyn, wie kaptein by de Fryske ynfantery. It komôf fan de Fan Coehooorns is net wis. Mûglik kamen de Van Coehoorns as militêren út Dútslân en kamen de foarâlden út in boerefamylje. In oar ferhaal seit dat de van Coehoorns út Sweden kamen. Yn 1700 hat Minne sels kâns sjoen om in rjochterlike útspraak te krijen dat de famylje fan âlde Sweedske adel wie. Yn Nederlân hienen de Fan Coehoorns der yn alle gefallen slach fan om yn in rike famylje yn te trouwen. Sa wie Aaltsje har mem bygelyks in Donia.

Jonge jierren

bewurkje seksje

Menno fan Coehoorn waard berne op Lettingastate yn Britsum, dat doe it eigendom wie fan Aaltsje har mem. De famylje ferfoer lykwols nei Burgum, dêr't se te wenjen kamen op it jachtslot It Hegehûs fan steedhâlder Willem Freark.

Doe't Minne acht jier wie waard er learling oan de Latynske skoalle yn Ljouwert. Hoe't syn fierdere oplieding west hat is net dúdlik. Hy waard gjin studint oan de Frjentsjerter Hegeskoalle. Der wurdt wol tocht dat Minne in privee-oplieding krige hat fan syn omke professor Bernard Fullenius. Fullenius yn Frjentsjer wie ûnder oaren professor yn de wiskunde en doseare sa ek fêstingboukunde.

 
Coehoornmortier út de Amerikaanske Boargeroarloch

Yn 1657 waard Minne kaptein by de Fryske ynfantery as opfolger fan syn heit. Minne hat in grutte militêre karriêre makke. Nei't er yn 1678 yn Britsum troud wie mei Magdalena fan Scheltinga, waard er yn 1679 befoardere ta kolonel-kommandant. Doe kaam der in wriuwing tusken de steedhâlder Hindrik Kasimir II en van Coehoorn. Coehoorn is doe oergien nei it leger fan steedhâlder Willem III fan Hollân. Dy befoardere him yn 1697 ta mastergeneraal by de artillery.

Menno fan Coehoorn wie ek de betinker fan de Coehoornmortier. Dit wie in ferpleatsber stik geskut. Oant yn de Earste Wrâldkriich waarden mortiers fan dat type noch brûkt.

Nei syn trouwen, mei Magdalena van Scheltinga, kaam Minne earst wer op it Hegehûs yn Burgum te wenjen. Syn frou brocht grûn yn te Wikel (Gaasterlân-Sleat). Mei syn twadde frou,Catharina Aurelia Lucia van Sminia, besleat hy yn 1685 om yn Wikel, nei it foarbyld fan de Hollânske hegerein, in bûtenpleats del te setten. Dat waard Meerenstein. Minne krige yn 1695 fan kening Karel II fan Spanje, as hear fan de Súdlike Nederlannen, foar syn fertsjinsten de titel fan baron. Dêrtroch koe er him yn Fryslân ta de heechste adel rekkenje.

Al nei de oarloch yn 1672 waard der besletten om in rige fan fêstings om de grinzen fan de Republyk te bouwen. Yn 1688 wienen de plannen rûn. Menno krige it tafersjoch dêroer. Om him hinne kaam der in korps yngenieurs dy't in akademyske oplieding hân hienen. Menno hat dy funksje oant syn dea yn 1704 hân. It is him slagge om de rige ôf te meitsjen.

Yn 1698 besleat de Rie fan Steat dat de fêstings fersterke wurde moasten. Menno waard ynspekteur-generaal oer it korps yngenieurs. Hy hat doe in rûnreis by alle fêstings lâns makke. Yn oerlis mei syn meiwurkers binne der doe plannen foarlein oan de Ried fan Steat om ta ferbettering te kommen.

 
De grêftombe yn de Wikeler tsjerke

Yn 1701 waard Menno beneamd ta gûverneur fan Sluis yn Steatsk-Flaanderen, no Siuwsk-Flaanderen. De Rie fan State organisearre yn 1704 in konferinsje oer de tastân fan de fêstings. Menno wie doe eins al slim siik, mar hy waard min of mear twongen om nei De Haach te kommen. De reis fan Seelân nei De Haach hat foar him tefolle west. Op 17 maart 1704 is er yn De Haach ferstoarn.

It stie fêst dat er yn de tsjerke fan Wikel begroeven wurde soe. De Steaten fan Fryslân, dêr't Minne formeel by yn tsjinst wie, hawwe doe besletten om 10.000 gûne frij te meitsjen foar in monumint foar Fan Coehoorn. Dit is pleatst boppe it mausoleum. It ûntwerp wie fan Daniël Marrot en is troch Pieter van der Plas útfierd.

Hy wie al yn syn libben ferneamd wurden as militêr en as fêstingboukundige. Yn de 19e iuw waard der lykwols oars tocht oer syn fêstings en is hast alles wat er boud hat wer ôfbrutsen. De militêre strategy wie feroare. Doch waard Menno fan Coehorrn yn fakrûntes net fergetten. Dat hat laat ta it oprjochtsjen fan de stifting Menno fan Coehoorn. Dy stifting besiket om wat der oer bleaun is fan de fêstingwurken, sa mooglik, wer yn de âlde steat werom te bringen.

De strjitte yn Britsum dêr't eartiids Lettingastate stie, hjit nei him Menno fan Coehoornwei. Ek yn Burgum krige de strjitte dêr't it Hegehûs oan stie de namme Menno fan Coehoornwei. Dêr't eartiids Meerenstein mei it park yn Wikel stien hat is no it Coehoornbosk. Dat is in natuerreservaat fan It Fryske Gea. Oan de noardkant fan dat gebiet is de Generaal-Majoar van Coehoornpolder. Dy is oanlein troch Menne fan Coerhoorn om syn lân tsjin de oerstreamings fan de Sleattemer Mar te beskermjen.

  • Joep van Hoof - Menno van Coehoorn, Vestingbouwer - belegeraar - infantrist. 2004 De Haach.

Keppelings om utens

bewurkje seksje