Merk (hannelsgearkomste)

(Trochferwiisd fan Merk (winkel))

In merk (fan it Latynske mercatus, mei fierhinne deselde betsjutting) is in gelegenheid ta keap en ferkeap yn 'e iepen loft op in strjitte of op in plein. Dêrby sette merkkeaplju kreammen op dy't eigen besit of hierd wêze kinne. Ek komt it foar dat se har guod út in ferkeapwein ferkeapje. De kreammen op in merk binne faak kleurryk, en de merkkeaplju besykje harren waren faak mei útset lûd oan 'e man te bringen. Op 'e merk binne ek faak strjitmuzikanten of in draai-oargel te finen, dy't foar sfear soargje.

In grientekream op 'e merk.

Merken binne der yn ferskate soarten. Op in algemiene merk of waremerk wurdt guod fan alderhanne soarte oanbean, mar der besteane ek merken dy't har spesjaal talizze op 'e ferkeap fan ien kategory guod, lykas in grientemerk, blommemerk, fiskmerk, boekemerk, feemerk of tekstylmerk. In boeremerk is in merk dêr't boeren sels harren produkten, lykas aaien, tsiis, griente en fruit, streekrjocht oan 'e konsumint ferkeapje, sûnder dat der tuskenhannelers oan te pas komme. In rommelmerk is gelegenheid dêr't men twaddehâns guod ferkeapet. In garaazjeferkeap is in lytse, partikuliere rommelmerk.

In tekstylmerk yn Doetinchem.

In wykmerk is in merk dy't ienris yn 'e wike holden wurdt, en in jiermerk wurdt mar ienris yn it jier organisearre. Fierders binne der merken dy't ferbûn binne mei beskate tiden fan it jier, lykas in krystmerk, in nijjiersmerk of in peaskemerk. In frijmerk is in merk wêrby't de keaplju gjin belesting oer harren ferkeapen hoege te beteljen; yn Nederlân wurde sokke merken op Keningsdei yn in protte plakken holden. In bazaar is in merk yn it Midden-Easten. In supermerk is, nettsjinsteande de namme, gjin merk mar in winkel.

Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw waard foar de merk reklame makke mei de slogan Op de markt is uw gulden een daalder waard ("Op 'e merk is jo gûne in daalder wurdich"). Dêrmei woe men sizze dat de prizen fan waren op 'e merk folle leger lizze as yn 'e winkel, om't merkkeaplju folle minder kosten meitsjen as winkellju. Sa hoege se net te beteljen foar ûnderhâld oan in gebou, elektrisiteit, ferwaarming, fersekering, ensfh. Neidiel fan it net beskikken oer in gebou is dat men winterdeis yn 'e stjerrende kjeld, simmerdeis yn 'e teskroeiende hjitte en dêrtuskenyn yn 'e streamende rein bûtendoar stiet. Om harrensels en har waren tsjin it waar te beskermjen, hawwe de measte merkkeapllju dêrom merkkreammen mei in ôfdakje.

Yn in protte stêden kin men oan 'e strjitnammen noch sjen wêr't yn it ferline merk holden waard, mei't dy strjitten faak in namme hawwe dy't einiget op "-merk". Sa hat men de Grientemerk yn Ljouwert, de Apelmerk yn Boalsert, en de Grutte Merk en de Fiskmerk yn Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.