Mhairi Black
Mhairi Black (Paisley (Skotlân), 15 septimber 1994) is in Skotsk politika dy't by de Britske parlemintsferkiezings fan 7 maaie 2015 as kandidate foar de nasjonalistyske Skotske Nasjonale Partij yn it Legerhûs keazen waard. Om't se noch mar tweintich jier wie, waard sein dat hja it jongste Britske parlemintslid yn mear as 350 jier wie.
Mhairi Black | ||
politikus | ||
echte namme | Mhairi Black | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 15 septimber 1994 | |
berteplak | Paisley (Skotlân) | |
etnisiteit | Skotsk | |
partij | Skotske Nasjonale Partij | |
Lid fan it Britske Legerhûs | ||
amtsperioade | 2015 – .... |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBlack waard yn 1994 berne yn it Skotske Paisley. Se waard al jong lid fan 'e Skotske Nasjonale Partij (SNP), dy't nei ûnôfhinklikheid foar Skotlân stribbet. Wylst se noch politikology oan 'e Universiteit fan Glasgow studearre, stelde se har yn 2015 foar de SNP kandidaat by de ferkiezings foar it Britske Legerhûs yn it kiesdistrikt Paisley en Renfrewshire-Súd, dat sûnt minskewitten stevich yn 'e hannen west hie fan 'e Britske Labourpartij. Lykwols boekte de SNP by de ferkiezings op 7 maaie 2015 in meunsteroerwinning, troch 56 fan 'e 59 parlemintssitten yn Skotlân te winnen.
Hoewol't se dat nea ferwachte hie doe't se har kandidaat stelde, hearde Black ek ta de winners, mei't se yn Paisley en Renfrewshire-Súd as folsleine nijynkommelinge Douglas Alexander fersloech, ien fan 'e kopstikken fan 'e Labourpartij en de skaadminister fan Bûtenlânske Saken. Dat die se boppedat mei in romme marzje, te witten in ferskil yn stimmen fan 5.684, oftewol 12,3%. Neitiid waard Black werkeazen by de ferkiezings fan 2017 en de ferkiezings fan 2019.
It jongste parlemintslid
bewurkje seksjeOm't Black op 'e dei fan 'e ferkiezings yn 2015 20 jier en 237 dagen âld wie, krige hja doe it rekôr yn 'e hannen it jongste lid fan it Britske parlemint te wêzen sûnt de Herfoarmingswet fan 1832 ynfierd waard. Op dat mêd naam se it stokje oer fan James Dickson, dy't yn 1880 mei 21 jier en 67 dagen keazen waard. Hoewol't der nei Black har ferkiezing omraak fan swetst waard dat sy it jongste parlemintslid yn 350 jier wie, sûnt Christopher Monck, greve fan Torrington yn 1667 mei 13 jier keazen waard, is dat feitliken net wier. Nei Monck folgen nammentlik noch mear minderjierrige parlemintsleden, ek noch nei't by de Wet op de Parlemintêre Ferkiezings, út 1695, 21 jier as minimumleeftyd fêstlein wie. Sa waard Robert Jocelyn, 3e greve fan Roden yn 1806 noch mei 18 jier keazen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |