Middei (tiidpunt)

(Trochferwiisd fan Middei (tiidstip))

De middei, de middeisoere of de noen is it tiidpunt fan 12.00 oere oerdeis. Dêrmei is it persiis it tsjinstelde fan 'e midnacht, dy't om 12.00 oere (of 24.00 oere of 0.00 oere) nachts falt. De namme 'middei' ferwiist nei it feit dat dizze tiid it mulpunt fan 'e dei en fan it etmiel foarmet. It argayske synonym 'noen' komt oarspronklik fan it Latynske nona (hora) (de "njoggende oere"); dat wie oarspronklik 15.00 oere middeis, mar yn 'e Midsiuwen ferskode de betsjutting nei de middeisoere.

Op 'e middei wize de grutte en lytse wizers fan alle klokken nei de 12 en berikt de sinne syn heechste punt (it senit) oan 'e himel. Dit tiidpunt jout de ein fan 'e moarn en it begjin fan it deidiel fan 'e middei oan. Op 'e middei begjint yn it ramt fan 'e wurkdei of skoaldei op troch-de-wykse dagen foar de measte minsken faak de lunchpauze of it middeisskoft, wannear't men faak kâld, mar soms ek waarm iten bepluzet. Sadwaande sprekt men foar de tiid tusken 12.00 en rûchwei 13.00 oere faak fan 'tusken de middei'. Tsjintwurdich begjint it middeisskoft trouwens faak wat letter, om 12.30 oere, en duorret dan faak oant 13.30 oere.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.