Middelbuorren (Makkingea)

Middelbuorren (Stellingwerfsk: Middelboeren; Nederlânsk: Middelburen) wie in delsetting en is no in fjildnamme súdwest fan Makkingea yn de gemeente Eaststellingwerf. Op lânkaarten út 'e 19e iuw lei dêr in buorskip nei it noardwesten oan de âlde dyk fan Berkeap nei Makkingea. Datselde is it gefal op de kaart fan omtrint 1700, dêr't de namme jûn wurdt as 'Middelbuiren'. Op moderne kaarten falt frijwol gjin spoar fan bebouwing mear werom te finen. De namme soe ferwize kinne nei de lizzing tusken de buorren fan Twitel en Makkingea/Fenekoaten.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: