Mieke van der Weij
Maria Idske (Mieke) van der Weij (Rotterdam, 2 augustus 1953) is in Nederlânske radio- en telefyzjepresintatrise en berneboekeskriuwster.
Mieke van der Weij | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Mieke van der Weij in 1992 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 augustus 1953 | |
berteplak | Rotterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Radio- en telefyzjepresintatrise, en berneboekeskriuwster. | |
medium | Radio, telefyzje | |
jierren aktyf | 1989 - no | |
prizen | Sulveren Reissmikrofoan | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Mieke van der Weij groeide op yn Genderen (Noard-Brabân), dêr't har heit haad fan de Skoalle mei de Bibel wie en har mem ûnderwizeres. Se trochrûn gymnasium alfa oan it Gymnasium Camphusianum yn Gorkum en studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr't se yn 1982 ôfstudearre mei in skripsje oer letmidsiuwske folksliteratuer. [1][2]
Wurkpaad
bewurkje seksjeVan der Weij har sjoernalistike karriêre begûn by de krante Het Parool. Dêrnei wurke se by de AVRO-radio, de VPRO en de Humanistische Omroepstichting (HOS). Sûnt 26 oktober 1996 presintearret se de TROS Nieuwsshow, tegearre mei Peter de Bie, sûnt 2018 Nieuwsweekend fan Omrop MAX. [3] Se is ek ien fan de presintatoaren fan Met het Oog op Morgen op Radio 1 en fan Opium op 4 op Radio 4.
Foar de telefyzje presintearre sy by AT 5 yn Amsterdam, fierder by de NPS (Kunstmest) en de NCRV (Andere Ogen, Nationale Nieuwsquiz). Fan oktober 2005 ôf presintearre se it NCRV-programma Keurmeesters. Yn maaie 2006 fierde se har tsienjierrich jubileum as presintatrise fan De Rijdende Rechter. Yn july 2007 makke de NCRV buorkundich har yn dy rol te ferfangen troch Jetske van den Elsen. Se hat ek de Nasjonale Bibeltest presintearre. Van der Weij hat in rubryk yn de NCRV-gids.
Van der Weij fynt it spitich dat se yn it 'lichte sjenre' telâne kommen is. Se soe graach oan sjoernalistyk-ynhâldlike telefyzjeprogramma's meiwurke hawwe, mar seach yn dat se dêr net oan fêsthâlde moast doe't it net slagge. [4]
Tegearre mei har suster Joke van der Weij skreau Mieke van der Weij (ûnder de namme Mieke van der Wey) twa berneboeken: De kattenbende van Beestenvreugd (1992) en Turias en de dansende beer (1995).
Van der Weij is in grut bewûnderer fan de skriuwer Louis Couperus. [5]
Op 28 april 2004 troude Van der Weij mei Sijbolt Noorda, de doetiidske foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Universiteit fan Amsterdam. Beide hawwe in grifformearde eftergrûn.
Yn 2019 waard de Sulveren Reissmikrofoan oan har takend.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|