Minnemastate (Harich)

Minnemastate of de Minnemastins wie in state yn Harich gemeente Gaasterlân-Sleat. Dizze machtige stins is mooglik al yn de 12e iuw boud. Njonken Minnesmatstate stienen noch twa stinzen. Harich wie yn de iere Midsiuwen dan ek it wichtichste plak fan 'Ghesterlant' en yn de 12e iuw sels haadplak fan de gritenij Harichsteradiel. Letter waard Harich part fan gritenij Gaasterlân. De stins krige syn namme troch it laach Minnema en hat yn de rin fan de iuwen in soad bewenners hân: troch ferkeap gie it hûs meardere kearen oer yn hannen fan oare famyljes.

Minnemastate 1720

It wichtichste lid fan de famylje Minnema wie Pier Epes Minnema. Hy wie in Skieringer haadman. Mei de Skieringers focht hy tsjin de Saksyske hartoggen. Doe't Karel V it bewâld oernom waard beslach lein op de besittings fan de rebelske Pier.

Yn 1698 is it hûs eigendom fan Daniël Valkenier, haad-muntmaster yn Ljouwert. Nei syn dea bliuwt syn widdo yn it hûs wenjen oant har dea yn 1724. De erven Valkenier beslute om it hûs te ferkeapjen oan Regnerus Annaeus Lycklama fan Wyckel, grytman fan Gaasterlân. Dy dielt it besit op yn in agrarysk gedielte, dat ferhierd waard oan pachters, en in wengedielte. Regnerus Annaeus stjert yn 1756 en it hûs wurdt kocht troch de nije grytman Ulbo Aylva Rengers. Yn 1840 wurdt it noch it skoft as pastorije brûkt, mar yn 1851 wurdt it foar it grutste part ôfbrutsen en yn 1869 giet it hielendal plat.

Fan de Minnemastate is mar ien ôfbyld bewarre bleaun dy't grif troch Jacobus Stellingwerf tekene waard. De tekening is fan foar de opdieling. It gebou stiet op in omgrêfte stik lân dat oan de noardeastside fan de buorren lei en bestie út twa heaksk op elkoar steande fleugels fan elk twa ferdjippings. It wichtichste part fan it gebou wie it middelste gedielte, mei in let-goatyske geveltop en de yngongspartij út ein 15e of begjin 16e iuw.

Neist de haadyngong hie it hûs yn de sydwjuk noch in twadde yngong. Rjochts fan it gebou wie noch in lytse oanbou fan ien boulaach, wylst lofts, in nei alle gedachten 17e iuwsk, gedielte mei grutte ramen stie mei twa ferdjippings, dat dekt waard troch in tintedak.

  • famylje Minnema
  • ein 15e iuw Pier Epes Minnema
  • 1698 Daniël Valkenier
  • - 1724 widdo fan Daniël Valkenier
  • 1724 - 1756 Regnerus Annaeus Lycklama fan Wyckel
  • 1756 Ulbo Aylva Rengers
  • 1840 pastorije

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland, 1992