Mirjam (namme)

famkesnamme

Mirjam (útspr.: ['mɪrjam]) is in tige âlde famkesnamme fan Hebriuwsk komôf. It ierste gebrûk fan dizze namme is yn Eksodus, it twadde bibelboek, dêr't Mirjam de suster fan 'e Joadske profeet Moazes is. Fia de Bibel is de namme Mirjam oernommen yn in hiel soad oare talen, wêrûnder it Frysk. De oarspronklike (Hebriuwske) foarm wie מִרְיָם (transliteraasje: Miryām, útspr.: [miʀ'ja:m], likernôch: "mierjaam"). De Frysk/Nederlânske ferzje komt dus de oarspronklike Hebriuwske útspraak eins tichter benei as de útspraak sa't dy yn it Ingelsk en in protte oare talen bestiet, as Miriam, mei trije wurdlidden.

De oarsprong fan 'e namme Mirjam is ûndúdlik. It soe betsjutte kinne: "bern-dêr't-op-hope-is", mar ek "bitter", "opstannich" of "sterke wetters". Neffens de alfde-iuwske Joadske kommentator fan 'e Bibel Rashi libben de âlde Israeliten 210 jier lang yn ballingskip yn Egypte, wêrfan de lêste 86 jier ûnder in wrede slavernij dy't begûn doe't Mirjam, de suster fan Moazes, berne waard. Dêrom waard hja sa neamd, want de Egyptners makken it libben bitter (מַר, mar) foar har folk.

In oare teory is dat de namme Mirjam úteinlik weromgiet op in Egyptyske betsjutting, mei't dat mei in protte nammen út 'e Joadske stamme fan 'e Leviten sa is (oer Moazes stiet yn 'e Bibel dat er in Levyt wie, en dus wie dat mei syn suster Mirjam krektlyksa). Yn dat gefal soe Mirjam ôflaat wêze kinne fan myr, dat yn it Egyptysk "leafste" betsjut, of fan mr, "leafde". De namme Marije, fan it Hebriuwske מרים (Maryām, útspr.: [maʀ'ya:m], likernôch: "marjaam"), is eins in fariant fan Mirjam. In ûnwierskynlik yngewikkelde kristlike etymology fan dy namme wol hawwe dat de betsjutting "drip fan 'e see" is (Latyn: Stilla Maris), wat dan ek foar Mirjam jilde moatte soe. Troch in kopiëarflater is dy betsjutting letter noch fierder feroare yn "stjer fan 'e see" (Stella Maris).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.