Moalstokje
It moalstokje (Ambrosia artemisiifolia), ek wol bekend as alsemambrosia, is in ienjierrige plant, dy't heart ta de famylje fan 'e hynsteblomplanten (Compositae of Asteraceae). De plant komt út Noard-Amearika en is yn Nederlân op in soad plakken ynboargere (komt advintyf foar). Ambrosia is it Grykske wurd foar 'fiedsel foar de goaden', wêrtroch't se ivich libben. De plant skiedt de stof koronopiline út, dy't de groei fan oare planten yn de omjouwing behindert.
moalstokje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ambrosia artemisiifolia | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe plant wurdt 20-100 sm heech. De blêden binne meastal dûbelfearre, soms inkelfearre.
It moalstokje bloeit yn septimber en oktober mei ienslachtige, ± 3 mm grutte, holtsjes. De kopkes sitte yn in ier. Der sitte gjin strieskobben yn de kopkes en in pappus ûntbrekt. De klokfoarmige manlike kopkes hingje nei ûnderen en hawwe keale of in bytsje behierre, fergroeide omwynselblêden. De griis-wite, froulike kopkes binne ienblommich en hawwe twa aaifoarmige skutblêden. De blommen sitten net botte opfallend yn de blêdoksels ûnder de manlike blomkopkes. De brune frucht is in nútsje sûnder fruchtplús en hat de foarm fan in pylkpunt. It nútsje hat in heech oaljegehalte. It omwynsel om it nútsje hat fiif oant sân priemfoarmige stikels, dy't útrinne yn in lange snaffel. It fruchtsje heakket troch de priemfoarmige stikels yn de facht fan bisten en wurdt sa ferspriede.
Allergy
bewurkje seksjeIt stomoal jout in heftige heakoartsreaksje, krektas it oanreitsjen fan de bloeiwize. Yn Nederlân fine ûndersikers de lêste jierren in sterke groei fan it oantal ambrosiapollen yn de loft. De lette bloei fan de plant, yn septimber en oktober, ferlinget it heakoartsseizoen mei twa moannen. By in waarme simmer folge troch in waarme hjerst kin de plant hieltiten better yn Europa dije. Dizze woekerjende plant driget in grutte kweadogger te wurden as de no bekende fersprieders fan pollen. Per plant kin oant in miljard pollen ferspriede wurde, wêrby't de allergyske wurking fan de pollen inkele kearen sterker is as dy fan gers, de oant op 't heden grutste oarsaak fan pollenallergy yn Nederlân.
Ymport yn Europa
bewurkje seksjeDe plant komt rjochting de lege lannen troch benammen ymport fan hinnen- en fûgelfoer en fetbollen, dêr't ek de siedden fan it moalstokje tusken sitte. Yn Dútslân is it wyls by wet ferbean dit foer te ymportearjen as de siedden fan it moalstokje der net úthelle binne. Yn Switserlân, Eastenryk en Hongarije is it sels ferbean de plant yn de tún te hawwen en it is foarskreaun om dizze der út te heljen. Hjirby wurdt oanret:
- by it weiheljen wanten te brûken;
- it lof net yn de GFT-kontener te dwaan mar yn de smoargenskontener, sadat itt ferbaarnd wurdt.
De eksplosive fersprieding fan de plant hat it omtinken fan it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit.[1]
Yn oktober 2006 binne nei in oprop fan it radioprogramma Vroege Vogels 160 meldingen fan moalstokjes yn Nederlân samle.
Nammen yn oare talen
bewurkje seksje- Ingelsk Common ragweed
- Dútsk: Beifußblättriges Traubenkraut, ook Beifuß-Ambrosie
- Frânsk: Ambroisie à feuilles d'armoise
- Sweedsk: Malörtsambrosia
- Deensk: Bynke-Ambrosie
- Hongaarsk: Ürömlevelű parlagfű
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Resinte waarnimmings op Waarneming.nl, mei beskriuwing en foto's.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|