Molktaper
In molktaper of in molkesutelder wie ien dy't de doarren lâns gie mei molke en suvelprodukten, en dy't soms ek in winkel mei dy produkten hie. Hy gong moarnsier om fiif oere nei de boeren om de swiete molke op te heljen. Dat die er (op plakken) sân dagen yn 'e wike sadat de minsken ek sneins farske produkten hiene, want gjin hie in kuolkast.
Skiednis
bewurkje seksjeMolke begjint mei in dei of wat al te bedjerren. It sels troch de boer de molke kwyt sjen te reitsjen foel faak net ta. Ek it tsjernjen fan de molke ta bûter wie in sekuer wurkje dat geregeld mislearre. De jierproduksje fan in ko wie sa'n 3000 mingel. Der wiene in protte boeren mei ien of twa kij. Foar 1900, mar ek dêrnei, wie it in hiele toer om safolle byelkoar te krijen dat men sels tsjernje koe, lit stean fan tsiizje.
De taper rûn fan moarns seis oere oant middeis in oere as fjouwer ta mei syn guod. Hy kaam by alle doarren lâns en die dat rinnende, letter hie sa'n man wol in hûnekarre. As mjitbeker brûkte hy in healmingel. De molke dy't er oerhold brûke er om te tsjernjen, de bûter ferkocht er ek wer. Fan de molke dy't der fan oerbleau makke er sûpe en fan dy sûpe makke er sûpenmoallen- en sûpengroattenbrij dy't er de oare moarns wer útsutele. Nei it suteljen moasten bussen en alles noch skjinmakke wurde mei wetter fan de pomp en wat waarm wetter.
Mei de komst fan de suvelfabriken yn it lêst fan de 19e iuw brocht de molkrider of molkfarder de molke fan de boer nei it suvelfabryk. De molke, sûpe en brij kaam by de minsken thús yn bussen, dêr't in kraantsje oan siet. Wat se oerhâlden gong wer nei it fabryk, dêr't de bussen goed himmele waarden. Guon molktapers krigen doe ek al ris in bestelweintsje. It berop fan molktaper is útstoarn en ferfong troch molke yn flessen en pakken út de ridende winkel en de supermerken.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - molktaper
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Milkmen fan Wikimedia Commons. |