Molkfabryk De Gemeenschap

Molkfabryk De Gemeenschap wie in molkfabryk yn Bontebok.

Foarskiednis

bewurkje seksje

In wichtich by-effekt fan de feanûntginning wie dat de woeste grûnen rendabel waarden foar de lânbou. De sângrûn dy't bleatlein waard by it ôfgraven fan de turf, waard mingd mei de bolster. Soks waard goede lânbougrûn. De lânbou koe him mei dêrtroch ûntjaan ta it wichtichste middel fan bestean yn de streek. De oergong fan de turfwinning nei in mear agraryske maatskippij gie stadichoan. De turfmakkers holden faak ek wat fee, meast in skiep of in geit. (De geit waard arbeidersko neamd.). De froulju fersoargen it fean. In inkeldenien kocht der in ko by en stadichoan wreide it oantal kij út. Der waard sels bûter tsjerne. Soks wie in sekuer wurkje, dat geregeldwei mislearre. De molke waard útsutele of ferkocht yn lytse winkeltsjes. Mei it oprjochtsjen fan molkfabriken wie it probleem fan it kwyt reitsjen fan de molke oer. Dat makke wer dat mear arbeiders in ko oantúgden.

Yn de Bontebok waard op 25 april 1898 in koperative molkfabryk oprjochte. De oanlieding dêrta wie singelier. Yn De Hepkema waard nammentlik in advertinsje setten mei de tekst:

De veehouders van Katlijk worden ter vergadering opgeroepen (dag en uur) bij den kastelein I. Jelsma te teneinde een bespreking te houden over de eventuele oprichting van een boterfabriek.

De oprop wie net ûndertekene. Leafst 50 boeren ferskynden op de gearkomst. Mar de inisjatyfnimmer ferskynde nei lang wachtsjen lykwols net. De jongste fan de oanwêzige boeren, Wytze A. Nijenhuis, frege oan twa kear ta de inisjatyfnimmer om him bekend te meitsjen. Der gie lykwols net ien oerein en it sil altyd wol in riedsel bliuwe wa't de advertinsje setten hat.
Middels bryfkes waard doe útmakke wa't de lieding fan de gearkomste hawwe soe. Nijenhuis waard keazen ta foarsitter en sekretaris. Der waard ûndersocht oft it mooglik wie. Nettsjinsteande it bestean fan partikuliere fabriken yn Langsweagen, Boppe-Knipe, It Mar en Mildaam, waard besluten om dochs in koperative molkfabryk op te setten. Op 25 april 1898 waard de oprjochtingsakte tekene troch 68 leden, en mei-inoar sa'n 500 kij. It fêstigingsplak waard Bontebok, omdat dat gaadlik lei oan de feart. Sadwaande koe de molke maklik oanfierd wurde. It waard de earste koperative molkfabryk yn de wide omkriten. Der waard earst allinnich bûter makke.

Yn 1910 waard op kosten fan de koperaasje de modderreed ferhurde fan de dyk yn Ketlik nei it fabryk. Troch de ferbettere lizzing fan it fabryk en ferskate ferbouwings en modernisearrings kamen der mear leden en rûn de produksje hurd op.

Yn 1938 wiene der 270 leden en waard der bûter, tsiis en molkepoeier makke yn in foar de tiid hypermoderne fabryk. De oanfier fan de molke yn 1898/99 wie 1.220.326 kg. Yn 1938 wie dit oprûn ta 7.708.019 kg.

Ta it fieren fan it iuwfeest kaam it lykwols net. Op 11 maaie 1966 gie it fabryk ticht. Men sluet him oan by in suvelkoperaasje yn Wolvegea. It fabryksgebou is yn 2006 platsmiten en der steane no huzen op it terrein.