Mount St Bernard Abbey

Mount St Bernard Abbey is in katolyk kleaster by Coalville, Leicestershire, Ingelân. It kleaster wie it earste permaninte kleaster dat sûnt de reformaasje yn Ingelân stifte waard en it is it iennige trappistekleaster fan it lân.

Abdij fan Mount Saint Bernard

Mount St Bernard Abbey

Lokaasje
lân Ingelân
regio East-Midlannen
greefskip Leicestershire
plak by Coalville
koördinaten 51° 44' N 1° 19' W
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Trappisten
Ynformaasje bou
arsjitekt Augustus Pugin, Albert Herbert
boustyl neogotyk
Webside
Side kleaster
Kaart
Mount St Bernard Abbey (Leicestershire)
Mount St Bernard Abbey

Fanwegen de ûnderdrukking fan kleasters yn Frankryk flechte yn 1794 in lyts tal ûnteigene trappisten nei Londen mei it doel om yn Kanada in nij kleaster te stiftsjen. De katolike bekearling en filantroop Thomas Weld, dy't op it Lulworth Castle yn East Lulworth (Dorset) wenne, hie mei de flechtlingen te dwaan en bea de mienskip in stik lân oan op syn lângoed, om dêr it monastike libben wer op te pakken. De muontsen bleaune dêr oant 1817, doe't se yn it ramt fan 'e Restauraasje ûnder de Bourbons wer wolkom wiene yn Frankryk en dêr yn Melleray yn Bretanje in abdij fêstigen. De Frânske abdij bleau net lang iepen, want mei de Julyrevolúsje fan 1830 krigen de muontsen op 'e nij te meitsjen mei ferfolgings.

De ferballe muontsen flechten no nei Ierlân, dêr't se Mount Melleray Abbey stiften. Fanút dat Ierske kleaster ferhûze yn 1835 in lytse groep muontsen nei Ingelân, om in begjin te meitsjen oan 'e opbou fan in trappistekleaster, it tsjintwurdige Mount Saint Bernard. De grûn fan it kleaster waard skonken troch Ambrose Lisle March Phillipps De Lisle, in lokale lâneigner dy't it katolike leauwe oannommen hie en it monastike libben yn it lân wer nei libben ynblaze woe.

Yn in tydlike behuzing waard it kleaster yn 1837 iepene. Yn 1844 waard it nije, permaninte kleaster iepene, dêr't it noch jimmeroan stiet. It wie boud neffens in ûntwerp fan 'e ferneamde tsjerke-arsjitekt Augustus Pugin, dy't dêr fierder neat foar rekkene en syn tsjinsten om 'e nocht oanbea. Syn kleastertsjerke waard fanwegen brek oan jild lykwols nea hielendal foltôge. It foltôge skip einige mei in muorre, dêr't Pugin in krusingstoer mei oanslutend noch in eastlik koer betocht hie. De tsjerke waard op 20 augustus 1844 konsekrearre op 'e feestdei fan Sint-Bernardus en bleau foar de folgjende 90 jier heal ôfboud.

Yn 1848 joech paus Pius IX it kleaster de status fan abdij en de earste abt wie Dom Bernard Palmer.

De abdij hie yn 'e 19e iuw lêst fan jildbrek en ek brek oan nije muontsen. De 20e iuw brocht dêr ferbettering yn en tusken 1935 en 1939 koe de tsjerke neffens tekeningen fan Albert Herbert útwreide wurde. Yn it plan fan Herbert krige it alter yn oerlis mei de doetiidske abt Malachy in sintraal plak ûnder de krusingstoer, wylst er it eastlike ein reservearre foar it publyk. Pugin's ûntwerp hie it eastlike ein fan 'e tsjerke, lykas oant dy tiid wenst wie, ornearre foar it alter. It brekken mei dy tradysje feroarsake in soad krityk, mar tsjintwurdich wurdt tajûn dat de abt syn tiid foarút west hat.

 
Reliëf sillige Cyprian Michael Iwene Tansi.

Fan 1950 oant syn dea yn 1964 wie de sillige Cyprian Michael Iwene Tansi muonts yn 'e abdij. Hy waard begroeven by de abdij, mar letter waarden syn oerbliuwsels nei syn bertelân Nigearia oerbrocht, dêr't er op 22 maart 1998 troch paus Jehannes Paulus II sillich ferklearre waard. Ta oantinken fan 'e muonts is oan 'e muorre fan it tsjerkeskip in reliëf oanbrocht.

De 26 sistersjinzerske muontsen dy't op it lângoed fan de kleasterpleats yn Lulworth begroeven leine, waarden yn 1952 opgroeven en krigen in nij grêf by de abdij. Ek de by opgravings yn it ramt fan de úwreidings fan de Londense metro ûntdutsen skeletten fan mear as 600 midsiuwske muontsen, op it plak dêr't eartiids de troch Hindrik VIII yn 1538 sletten Stratford Langthorne-abdij stie, krigen yn 2009 in lêste rêstplak op Mount St Bernard Abbey.

Sûnt 1989 binne de kleastergebouwen as Grade II klassifisearre beskerme monuminten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mount St Bernard Abbey