Mulciber (fulkaan)

Mulciber is in deade fulkaan op it Nederlânske part fan de Noardsee, op sa’n 100 kilometer noardwestlik fan Skylge.

Ofwikingen fan it ierdmagnetysk fjild op de Noardsee. De Súdwâlfulkaan is it readbrune plak yn de Waadsee, Mulciber it readbrune plak yn it noardwesten

Mulciber wie aktyf yn it lette Jura en betide Kryt, om en de by 150 miljoen jier lyn, deselde perioade dêr't de Súdwâlfulkaan yn de hjoeddeiske Waadsee ek aktyf yn wie. Yn dy perioade wie in gebiet om de Noardsee hinne seismysk aktyf fanwegen de opbrekking fan it doetiidske superkontinint Lauraazje. Letter binne der op oare plakken, û.o. yn de Golf fan Biskaje en de Atlantyske Oseaan breuksônes ûnstien, wêrby't it gebiet rûn de Noardsee seismysk rêstich waard. De fulkaan waard bedutsen mei 3300 meter oan sedimintlagen, mar troch de sâltfloei binne de jiske- en basaltresten yn ûndjippere lagen (sa'n 1660 meter) belâne, dêr't it troch boarringen oantoand wurde kin.

Yn de simmer fan 1985 hat eksploraasjemaatskippij Amoco by in boarring inkelde tsientallen meters fulkanyske jiske en basalt oantroffen. Yn dy tiid waard tocht dat it resten wiene fan de Súdwâlfulkaan, wat lykwols ûnwierskienlik is, om't dy fulkaan om en de by 100 kilometer fierder nei it súdeasten leit. De Geologische Dienst Nederland, ûnderdiel fan TNO, hat besteande gegevens, wêrûnder seismyske gegevens fan oalje- en gasexploraasje, mjitgegevens oan it ierdemagnetysk fjild en boarringen ynterpretearre yn it ramt fan in algemiene geologyske stúdzje fan de Noardsee, dêr't út konkludearre wurde koe dat it om in útdôve fulkaan gean moast. Op 9 maaie 2020 waard dit wrâldkundich makke.

De geologen fan de Geologische Dienst Nederland hawwe de fulkaan neamd nei Mulciber, in god fan fjoer en fulkanen út de Romeinske mytology, dy't ek wol Fulkanus neamd wurdt.

De lokaasje fan de fulkaan is omrekkene út de ôfwikingen fan it magnetysk fjild. It boarmeunster út 1985 leit yn it gebiet dêr't de magnetyske ôfwiking it heechst is.

De fulkaan leit yn in gebiet om en de by 100 kilometer noardwestlik fan Skylge, 20 kilometer noardlik fan it Fryske Front, 60 kilometer eastlik fan de Klaverbank en 100 kilometer besúdwesten de Doggersbank. In pear kilometer súdliker leit de Off Friesland North-skipfeartrûte. It werkenningspunt dat it tichtste by op it wetteroerflak te sjen is, is de NAM 28-boei, om en de by 10 kilometer eastliker.

De fulkaan leit op in djipte fan ûngefear 3300 meter ûnder de seeboaiem. De Noardsee is op dat punt sa'n 40 meter djip.

Te hichte fan de fulkaan is in grutte ôfwiking fan it ierdmagnetysk fjild, ûngefear ferlykber mei dy fan de Súdwalfulkaan. Dat komt trochdat yn stjurre magmatysk stiente faak mineralen as magnetyt foarkomme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: