Musa Dagh
De Musa Dagh (Turksk: Musa Dağı, Armeensk: Musa Ler, betsjutting: Berch fan Moazes) is in 1.355 meter hege berch yn Turkije yn de provinsje Hatay. De berch makket diel út fan it Nurberchtme en leit likernôch 25 kilometer westlik fan de Turkske stêd Antiochje.
Doe't de Armeenske folkerenmoard yn 1915 plak fûn flechten de 4.058 bewenners fan seis Armeenske doarpen ûnder lieding fan Moses Der Kalousdian de berch op, om fan dêr út wjerstân te bieden tsjin de troepen fan it Jong-Turkske regear. It slagge de Armenen 53 dagen om meardere oanfallen fan de Turkske troepen ôf te slaan. De befrijing kaam doe't de Frânske kruser Grinsen oan de kust ferskynde en help bea, oare skippen yn 'e omjouwing warskôge en de Armeenske befolking holp by de efakuaasje.
De berch krige mear bekendens, doe't de Eastenrykske skriuwer Franz Werfel yn 1933 de histoaryske roman Die vierzig Tage des Musa Dagh oer it Armeenske ferset op de Musa Dagh útjoech.
It Armeenske ferset op de Musa Dagh tsjin de Turken is ferfilme yn The Promise (2016).