Slach om de Musa Dagh
De Slach om de Musa Dagh barde yn 1915 en wie ien fan 'e fjouwer foarbylden fan wapene ferset fan 'e Armeenske befolking tsjin de folkemoard troch de troepen fan it Jong-Turkske regear yn it Osmaanske Ryk.
Nei't de 4.058 bewenners fan 'e Armeenske doarpen (Kabusia (Kaboussieh), Yoghunoluk, Bitias, Vakıflı, Kheter Bey (Khodr Bey) en Haji Habibli), dy't op 'e hellingen fan 'e Musa Dagh (Berch fan Moazes) leine, de oprop krigen om harren ree te meitsjen foar in twongen deportaasje, flechten hja nei it heechste diel fan 'e berch.
Skiednis
bewurkje seksjeOp 13 july 1915 krigen de bewenners fan 'e Armeenske doarpen op 'e Musa Dagh de oarder om harren klear te meitsjen foar deportaasje. De doarpslju hiene al heard fan 'e deademarsen en de moardpartijen yn it lân en wiene net fan doel om harren sûnder ferset de dea yn jeie te litten. Under beskerming fan likernôch 250 striders, dy't ûnder fiering fan Moses Der Kalousdian stiene, teach de befolking mei harren fee en wat hja fierders meinimme koene nei de top fan 'e berch. Doe't de Armeenjers nei in dei rinnen oankamen, waard der fuortendaliks útein set mei it oanlizzen fan fersterkings. Slûpskutters namen wichtige posysjes yn. Fan 'e 60 Armeenske hûshâldings dy't al gehoar joechen oan it deportaasjebefel waard nea wer wat fan heard.
De Ottomaanske troepen wiene numeryk en materieel yn it foardiel en foelen de Armeense fêsting hieltyd wer oan. It slagge de troepen likegoed net om troch de Armeenske ferdigening hinne te brekken en lang om let waard der besletten om de Armeenjers dan mar út te hongerjen. Mei it ferstriken fan 'e tiid waarden de Armeenske foarrieden jimmeroan lytser en groeide it besef dat der oan in ûntsnappingsplan wurke wurde moest. Nei in pear mislearre fersiken om help waarden der op 2 septimber twa swimmers útsocht, dy't fan 'e Musa Dagh nei foarby farrende skippen swimme moasten om help yn te roppen. Om mear oandacht te lûken waarden grutte spandoeken mei it reade krús en de Ingelske tekst: "Christians in distress. Rescue" tusken beammen ophongen.
Der gyng nochris in Turkske oanfal foarby, mar op 12 septimber ferskynde de Frânske kruser Guichen oan 'e kime. Nei't ien fan 'e swimmers it skip intere en de admiraal ynformearre oer de benearjende sitewaasje fan 'e minsken, warskôge de admiraal it yn de buert lizzende flaggeskip Jeanne d'Arc. It duorre net lang doe't de Jeanne d'Arc mei mear skippen help bea. Sa wist de bevolking van de Musa Dagh oan in wisse dea te ûntkommen. De flechtlingen waarden troch de skippen nei Port Said en yn in flechtlingekamp ûnderbrocht.[1]
Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldkriich setten de Armeenjers harren wer nei wenjen yn harren doarpen op 'e Musa Dagh, dy't no ûnder Frânsk mandaat foelen. It gebiet waard lykwols yn 1939 anneksearre troch Turkije mei fan gefolgen dat hja tegearre mei oare kristlike minderheden op 'e nij fan hûs en hiem ferjage waarden. By de ruïnestêd Anjar yn Libanon fûnen hja in nij hinnenkommen yn in provisoarysk tintekamp. De hjoeddeiske bewenners fan Anjar foarmje it neiteam fan dy Armeenske flechtlingen en de stedsdielen fan Anjar binne ferneamd nei de seis Armeenske doarpen op 'e Musa Dagh.[2]. De Armeenjers yn Vakıflı bleaune efter. Foarhinne wiene der tûzenen Armeenske doarpen yn Turkije en allinne it lytse Vakıflı mei in ferâlderde befolking fan likernôch 130 ynwenners is dêrfan oerbleaun.[3]
Monumint
bewurkje seksjeFoar de Armeenske striders dy't by de ferdigening fan harren folk op de berch it libben lieten, waard nei it weromkommen fan de Armeenske befolking yn de jierren 1920 in lyts tsjerkhôf mei in monumint oprjochte. De Turkske oerheid hat it monumint neitiid ferneatige om sa de oantinkens oan it ferline fuort te feien. De striid op de Musa Dagh wurdt tsjintwurdich mei monuminten yn Armeenje (Jerevan), Kanada (Cambridge) en Libanon (Anjar) betocht.[4]
Die vierzig Tage des Musa Dagh
bewurkje seksjeDe histoaryske roman Die vierzig Tage des Musa Dagh (De fjirtich dagen fan 'e Musa Dagh) fan 'e Eastenrykske skriuwer Franz Werfel brocht it Armeenske ferset op 'e Musa Dagh ûnder gruttere publike oandacht. De roman waard skreaun nei't Werfel djip rekke waard troch in moeting mei Armeenske wezen yn in fabryk yn 'e Syryske haadstêd Damaskus. De earste publikaasje fan it boek wie yn 1933 en it waard dêrnei yn tal fan talen oerset.
It Amerikaanske mediabedriuw MGM hat in grut tal kearen besocht it boek te ferfilmjen. De earste produksje waard yn 1934 útein set mei Clark Gable yn 'e haadrol, mar nei presje fan Turkije seach MGM fan it plan ôf. Dêrnei waard noch oant yn 'e jierren 1970 wit hoe faak besocht om de ynhâld fan it boek om te setten yn in werjefte op it wite doek. Op syn minst 12 skripten waarden skreaun. Mar yntusken wie Turkije troch de Kâlde Kriich foar de Feriene Steaten in wichtich bûnsgenoat wurden en alle kearen om it boek te ferfilmjen sneuvelen ûnder druk fan it Turkske regear.[5]
Ofbylden
bewurkje seksje-
De Frânske kruser Guichen.
-
Flechtlingen fan de Musa Dagh interje in Frânsk skip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |