Anjar
Anjar (Arabysk: عنجر, Armeensk: Անճար), ek bekend ûnder de namme Haoush Mousa (حوش موسى; Ḥauš Mūsā), is in lytse stêd yn 'e Bekafallei yn Libanon. De stêd leit likernôch 60 kilometer eastlik fan 'e haadstêd Beirût en hat likernôch 2.400 ynwenners. Suver de hiele befolking bestiet út Armenen.
Anjar
عنجر / Անճար | ||
Bestjoer | ||
Lân | Libanon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.400 | |
Oerflak | 18,2 km² | |
Hichte | 950 m. boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1939 | |
Koördinaten | 33°43'N 35°55'E | |
Offisjele webside | ||
mousaleranjar.com | ||
Kaart | ||
It hjoeddeiske Anjar
bewurkje seksjeIt moderne Anjar waard yn 1939 met stipe fan Frankryk stifte troch Armeenske flechtlingen. De flechtlingen moasten harren doarpen op 'e Musa Dagh (oers.: Berch fan Moazes) ferlitte, nei't Turkije dat gebiet anneksearre. De Armeenjers kamen hjir yn in krite dy't drûch wie en der wie fierders neat. Mear as 10% fan 'e flechtlingen ferstoar yn it begjin oan syktes en in tekoart oan iten. Mei help fan 'e Frânsen waarden de tinten ferfongen troch hûzen en de omstannichheden stadichoan better.
Anjar wurdt ferdield yn wiken, dy't ferneamd binne nei de seis doarpen op 'e Musa Dagh:
- Haji Hababli
- Kabusia
- Vakif
- Khodr Bek
- Yoghun Oluk
- Bitias
Nei de Twadde Wrâldoarloch emigrearren in soad bewenners nei Armeenje[1], mar ek no noch binne hast alle 2.400 ynwenners fan Anjar Armeenjers, dy't in West-Armeensk dialekt prate. De measte bewenners hearre by de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, in lytser oantal by de Armeensk-Katolike Tsjerke en de Armeensk-Evangelyske Tsjerke. Anjar hat boppedat trije kristlike skoallen.[2]
De Sint-Paulustsjerke fan Anjar is ien fan 'e grutste Armeenske tsjerken fan Libanon. By de tsjerke stiet in monumint ta neitins oan 'e 18 martlers, dy't yn 1915 harren libben joegen by it beskermjen van de Armeenske befolking tsjin de troepen fan it Jong-Turksk regear op 'e Musa Dagh. [3]
It antike Anjar
bewurkje seksjeAnjar | ||
UNESCO-wrâlderfgoed | ||
UNESCO folchnûmer | 293 | |
kritearia | (iii)(iv) | |
ynskriuwing | 1984 (8e sessy) | |
Webside | ||
www.unesco.nl | ||
UNESCO-wrâlderfgoedlist |
It antike Anjar stie ea bekend ûnder de namme Gerrha, in stêd dy't yn 'e 8e iuw troch de Umayyaden boud waard. De stêd hie in koarte bloeiperioade fan 20 oant 30 jier. De Abbasiden besochten it kalifaat fan 'e Umayyaden mei súkses oer te nimmen en oermasteren yn 744 de stêd. De oerfal liet in ferwoastge stêd efter.[4] De bouwurken bleaune lykwols as ruïnes stean en waarden sûnt de jierren 1940 wer opgroeven. It plak kaam yn 1984 op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO te stean. De stêd jildt as ien fan 'e bêste foarbylden fan iere islamityske stedsûntwikkeling. Yn 'e arsjitektuer en de wize fan planning falt noch in soad Byzantyske ynfloed te bespeuren.
-
Kapiteel
-
Ramen
-
Paleis
-
Muorre
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|