Muzykferiening Hâld Moed
Muzykferiening Hâld Moed wie in muzykkorps út it Fryske doarp Easthim, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (foarhinne Wymbritseradiel). It wie in feriening dy't fanfaremuzyk fersoarge, mei blaasynstruminten en slachwurk.
Muzykferiening Hâld Moed | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening (muzykkorps) | |
wurkmêd | hafabramuzyk | |
fêstige yn | Easthim (Fryslân) | |
oprjochte | 1924 | |
opdoekt | 2018 | |
tal leden | ±8 (2018) | |
offisjele webside | ||
www.trudolphi.nl/HaldMoed |
Hâld Moed waard yn 1924 oprjochte, mar mids 2018, koart foar it 95-jierrich jubileum, waard it muzykkorps opheft. Reden wie it al jierren tebekrinnende ledetal; op it lêst wiene der noch sa'n acht leden oer. Bykommend probleem wie dat dy allegear sa stadichoan op jierren begûnen te reitsjen en der gewoan gjin oanwaaks fan nij talint yn Easthim bestie.
It fergees tagonklike ôfskiedskonsert fan Fanfare Hâld Moed waard op 7 july 2018 yn 't Himsterhûs holden, it doarpshûs fan Easthim. De lieding dêroer hie dirigint Siemen Hoekstra. Ek Gurbe Douwstra, in freon fan it muzykkorps ferliende oan dy jûn syn meiwurking.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|