Muzykferiening Harmony Bitgum
Muzykferiening Harmony Bitgum (Nederlânsk en offisjeel: Muziekvereniging Harmonie Beetgum) is in muzykkorps út it Fryske doarp Bitgum. It waard oprjochte yn 1898, en bestie sadwaande yn 2018 120 jier, wat op 3 novimber fan dat jier fierd waard mei in feestlik konsert yn 'e protestantske tsjerke fan Bitgummole.
Muzykferiening Harmony Bitgum Muziekvereniging Harmonie Beetgum | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening (muzykkorps) | |
wurkmêd | hafabra-muzyk | |
fêstige yn | Bitgum (Fryslân) | |
oprjochte | 1898 | |
offisjele webside | ||
harmoniebeetgum.nl |
Krekt as oare muzykkorpsen yn Fryslân kampt Harmony Bitgum mei in tebekrinnend ledetal. It stadichoan útstjerren fan it korps wurdt besocht foar te kommen mei jeugdkorps De Roekebinde, dat repetearret yn 'e mande mei de Berltsumer Beagles, it jeugdkorps fan Muzykferiening OpMaat út Berltsum. Dêrnjonken is ek gearwurking socht mei de jeugdleden fan Muzykferiening Looft den Heer út Bitgummole.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|