Natural Color System

(Trochferwiisd fan NCS-kleursysteem)

It Natural Color System (NCS) is in kleuremodel basearre op 'e hypoteze fan kleure-opponinten op it mêd fan it minsklik gesichtsfermogen. Dy waard oarsponklik yn 1892 foarsteld troch de Dútske natuerkundige Ewald Hering. De hjoeddeistige ferzje fan it NCS waard fan 1964 ôf ûntwikkele troch it Svenkt Färgcentrum (Sweedsk Kleuresintrum). It team dat foar dy ûntwikkeling ferantwurdlik wie, besteande út û.o. Anders Hård, Lars Sivik en Gunnar Tonnquist, ûntfong yn 1997 as erkenning foar syn wurk de Judd Award fan 'e Ynternasjonale Kleurassosjaasje (AIC). In yllustrearre kleure-atlas fan it NCS wurdt útjûn troch NCS Colour AB yn Stokholm. It NCS wurdt in soad brûkt yn Skandinaavje; dêrbûten is it net botte populêr.

It kleuresysteem fan it NCS is folslein besearre op 'e psychology fan 'e minsklike waarnimming fan kleuren, en net, lykwas de measte kleuresystemen, op it mingen fan kleuren. It NCS wol hawwe dat der seis elemintêre kleurpersepsjes binne yn it minsklik gesichtsfermogen, dy't gearfalle mei de psychologyske primêre kleuren wyt, swart, read, giel, grien en blau. Alle seis binne dat kleuren dy't neffens dit systeem ûnmooglik omskreaun wurde kinne troch oare kleuroantsjuttings te brûken. Alle oare kleuren binne yn it NCS gearstalde waarnimmings, dy't krekt wól omskreaun wurde kinne troch ien of mear fan 'e seis elemintêre kleurnammen te brûken (bgl. 'ljochtblau', 'dûnkerread', 'grienblau', ensfh.).

Kleuren
swart: #000000; RGB: (0, 0, 0);                         
wyt: #FFFFFF; RGB: (255, 255, 255);       
NCS-read: #C40233; RGB: (196, 2, 51);       
NCS-grien: #009F6B; RGB: (0, 159, 107);       
NCS-giel: #FFD300; RGB: (255, 211, 0);       
NCS-blau: #0087BD; RGB: (0, 135, 189);       

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.