Nancy Challies
Nancy Challies (Montreal, 20 oktober 1943 - Montreal, 10 maart 1965) wie in Kanadeesk famke dat bekendheid krigen hat omdat Leonard Cohen har tryste libbensferhaal yn it liet "Seems So Long Ago, Nancy" fêstlein hat.
Libben
bewurkje seksjeNancy Challies waard op 20 oktober 1943 yn Montreal berne as twadde bern fan George en Ethel Challies. Se wie al jong by riten tige depressyf en Nancy hat as jongfaam ferskate jierren yn psychiatryske ynrjochtings trochbrocht.
Yn 1961 wenne Nancy yn Kingston. Se wurke dêr as gids yn Fort Henry. Ut brieven dy't se nei hûs stjoerde, docht bliken dat se njonken har wurk in soad op stap gie mei jonge (oankommende) militêren dy't dêr har oplieding krigen oan it Keninklik Militêr Kolleezje. Se makke yn dy foar har goeie tiid ek geregeld útstapkes mei famylje en oare kunde, oant New York ta. Oan har mem skreaun se: "Don't worry about me, I know that I'm doing the right thing." Yn dy tiid kaam se fia in mienskiplike freon, de byldhouwer Morton Rosengarten yn 'e kunde mei Cohen.
Desimber 1963 moete se in Mike, dêr't se in pear moanne letter swier fan blykte te wêzen. Under druk fan de tige religieuze famylje, mei parlemintsleden en hege rjochters, moast hja it bern, in jonkje, ôfstean foar adopsje.
Se krige op 'e nij lêst fan manyske depresjes en seach op it lêst mar ien útwei mear. Op 10 maart 1965 sleat se harsels op yn de baaikeamer fan har âlderlik hûs en makke mei it gewear fan har broer in ein oan har libben.
In jiermannich letter hat ek har heit de hân oan himsels slein.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Seems So Long Ago, Nancy
- Seems So Long Ago, Nancy by Leonard Cohen