Natalie Wiegersma

Natalie Wiegersma (Hamilton, 7 jannewaris 1990), is in Nijseelânsk swimster fan Frysk komôf.

Natalie Wiegersma
sporter
persoanlike bysûnderheden
bynamme Dutchie
nasjonaliteit Nijseelânsk
bertedatum 7 jannewaris 1990
berteplak Hamilton
etnisiteit Frysk
lingte 172 sm
sportive ynformaasje
sport swimmen
ûnderdiel Wikselslach
trener Jeremy Duncan
O.S. Londen 2012

Wiegersma har âlden, dy't út 'e Súdwesthoeke komme, emigrearren yn 1976 nei Nij-Seelân, dêr't se har earst op it Noardereilân en letter op it Sudereilân nei wenjen setten. Sy krigen seis bêrn wêrfan't Natalie de jongste is.

Wiegersma gie nei in fakânsje yn Fryslân mei har bruorren en suster op swimles, om't har mem net mear woe dat foar alle sleatten om it hiem fan har pake en beppe hege stekken set wurde moasten.

Natalie har suster Joyce Wiegersma helle it Nijseelânske nasjonale tiim en rjochte har dêrnei op it iepenwetterswimmen. Natalie Wiegersma helle ek it nasjonale tiim, en nei in tal nasjonale titels pleatste se har yn 2006 foar it WK Junioaren yn Rio de Sjanêro, dêr't se wrâldkampioen op de 100 meter rêchslach waard. Yn 2008 swom se de limiten foar de Olympyske Spullen yn Peking, mar gie dêr úteinlik troch in skouderblessuere net hinne. Yn maart 2012 pleatste se har op 'e nij foar de Spullen, diskear yn Londen. Dêr kaam hja út op 'e 200 & 400 meter wikselslach.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: