Naumburg (Saale)
Naumburg is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. It is de Kreisstadt fan é lânkring Burgenlandkreis.
Naumburg (Saale) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen-Anhalt | |
lânkring | Burgenlandkreis | |
Stedsyndieling | 4 Stadtteile 14 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 32.336 (31.12.2023) | |
Oerflak | 129,9 km² | |
Befolkingsticht. | 249 ynw./km² | |
Hichte | 130 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 06618, 06628 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Koördinaten | 51° 9' N 11° 48' E | |
Offisjele webside | ||
www.naumburg.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeNaumburg waard foar it earst yn 1012 neamd. Mei't de biskopssit yn 1028 út Zeits nei Naumburg ferhûze ûnstie it prinsbisdom Naumburg. Yn itselde jier krige Naumburg merkrjochten, twa jier letter stedsrjochten. It bisdom bleau nei de reformaasje noch in skoft oant 1564 as protestantsk bisdom bestean.
Op 9 en 11 april 1945 bombardearren Amerikaanske fleantugen de stêd. Dêrby waarden dielen fan it militêre kompleks yn it easten fan 'e stêd en dielen fan 'e histoaryske binnenstêd en oangrinzgjende gebieten ferneatige of swier skansearre. By de bombardeminten ferstoaren 400 minsken en sa'n 700 hûzen waarden fernield. Op 12 april droech de doetiidske boargemaster de stêd oan 'e Amerikaanske troepen oer en krapoan trije moanne letter, op 2 july, naam it Reade Leger de stêd yn. Troch de stream flechtlingen en ferdreaunen groeide stêd doe oant 60.000 minsken.
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeNaumburg is in kearnstêd fan in gemeente mei in soad doarpkes, dy't yn 'e rin fan 'e tiid by Naumburg yndield binne. Allinne Bad Kösen is mei goed 3.600 (2020) ynwenners in wat grutter plak, de rest fan 'e doarpen besteane mar út in pear hûndert ynwenners of noch minder. De histoaryske binnenstêd ûnstie út twa midsiuwske stedskearnen: yn it suden ûntstie de stêd dêr't de rie it foar it sizzen hie en yn it noardwesten de stêd dêr't de biskop it foar it sizzen hie. Tusken de twa dielen leit hjoed-de-dei de Lindenring.
Mei de yndustrialisaasje groeide de stêd mei nije wiken, mar om Naumburg yn 'e Prusyske tiid fral in garnizoensstêd en in stêd fan amtners wie, binne der sadwaande yn ferhâlding net in soad arbeidswiken oanlein. Yn stee dêrfan ûnstiene fillawiken (yn it súden en it easten fan 'e stêd). Yn 'e tiid fan 'e DDR wie der sprake fan net al te grutskalige nijbou.
By de kearnstêd hearre ek de eardere doarpen Almrich (eartiids Altenburg) en Grochlitz. Fierder bestiet de stêd út doarpen op it plattelân.
|
|
- De plakken Hassenhausen en Rödigen waarden op 1 july 1992 resp. 1 jannewaris 1991 by Bad Kösen en tagelyk mei de gemeente Bad Kösen op 1 jannewaris 2010 by Naumburg yndield.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De oan Petrus en Paulus wijde dom fan Naumburg is UNESCO-wrâlderfgoed. It wie de katedraal fan it eardere bisdom Naumburg en it is hjoed-de-dei in protestantsk tsjerkegebou.
- De Marije Magdalenatsjerke (Marien Magdalenenkirche) is in barok tsjerkegebou út 1730 op it plak fan in 12e-iuwske spitaaltsjerke.
- De Mauritiustsjerke (Moritzkirche) is in let 15e-iuwske eardere kleastertsjerke.
- De letgoatyske Wentselaustsjerke (Wenzelskirche') is de letgoatyske stedstsjerke (1517-1523).
- Fan 'e fiif poarten fan 'e eardere stedsmuorren is alllinne de Marijepoarte (Marientor) bewarer bleaun.
- It riedshûs is in letgoatysk bouwurk út 1517-1528.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Marijepoarte.
-
Merkplein.
-
Riedshûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Naumburger (Saale)
|