Nettelkrûper
Nettelkruper.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Sjongers (Sylviidae)
soarte
Sylvia atricapilla

De Nettelkrûper (Sylvia atricapilla) is in moskeftige út de famylje fan de Sylviidae. Se wurde sa'n 13,5 oant 15 sm grut. It is in skou, wat ferhoalen libjend fûgeltsje dat syn oanwêzigens ferried troch it sjongen. Winterdeis lit er him út-en-troch op de foerplanke sjen.

Sjongende Nettelkrûper
Aaien fan de Nettelkrûper
Cuculus canorus bangsi + Sylvia atricapilla

Uterlik Bewurkje

De Nettelkrûper hat in opfallend mûtske, dat by it mantsje swart is en by it wyfke brún. Hy wurdt dêrom ek wol Swartkop (=atricapilla) neamd. De kleur fan it kleed is fierder griis: ûnder wat ljochter as boppe. De snaffel is griiseftich.

Biotoop Bewurkje

De Nettelkrûper komt foar yn tunen en parken mei beammen en strûken en yn bosken mei in soad ûndergroei.

Ferspriedingsgebiet Bewurkje

It ferspriedingsgebiet is suver hiel Europa, oant Aazje en Noard-Afrika. Winterdeis lûke se nei wat mear súdlike streken, it suden fan Ingelân, Ierlân en Westfrankryk.