Netty Rosenfeld (Amsterdam, 29 desimber 1921 - dêre, 14 oktober 2001) wie in Nederlânsk programmamakster en nijslêzer.

Netty Rosenfeld
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Rosenfeld (foto Jacob Merkelbach)
Rosenfeld (foto Jacob Merkelbach)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 desimber 1921
berteplak Amsterdam
stoarn 14 oktober 2001)
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, presintatrise,
programmamakker
medium tillefyzje, radio
wurksum by AVRO, VPRO
jierren aktyf 19512001
prizen Sulveren Nipkowskiif
offisjele webside
gjint

Biografy bewurkje seksje

Se wie in dochter fan Hartog Rosenfeld (1878-1943), grossier yn boartersguod, en Margaretha Cohen (1886-1921). Oarspronklik wie Netty Rosenfeld ferpleechster yn it CIZ yn Amsterdam, mar de dûkte ûnder doe't har pasjinten út it sikehûs deportearre waarden. Har omropkarriêre begûn yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldoarloch by Radio Herrijzend Nederland. Dêr presintearre se in programma mei ûnder oaren Frits Thors. Dêrnei wie hja sjongster by it Metropole Orkest ûnder de artystename Netty van Doorn.

Yn 1951 makke de tillefyzje opgong yn Nederlân en Rosenfeld waard ien fan de earste omropsters, by de AVRO. Foar de AVRO presintearre it radioprogramma De Antwoordman. Dêryn waarden fragen fan harkers beändere troch in anonime man. Letter die bliken dat hy in eardere employé fan de Ryksfoarljochtingstsjinst wie, yn tsjinst fan de Bruce Chapman-organisatie, in Amerikaansk publisiteitsburo yn it ramt fam it Marshall Plan. Doe't de Volkskrant dat buorkundich makke en de AVRO fan propaganda foar de Feriene Steaten beskuldige waard, waard it programma skrast.

Yn 1960 presintearre Rosenfeld mei Rudi Carrell in muzykprogramma by de Nederlânske ôfdieling fan Radio Luxembourg. Dêrnei makke se tegearre mei Bob Uschi dokumintêres foar de NOS-radio. Yn de jierren '70 wie se in fêste meidogger fan it KRO-kabaretprogramma Cursief, wêr't ek Luc Lutz, Frits Lambrechts, Simone Rooskens, Herman van Run en Gerard Cox oan meidiene.

Letter makke Netty Rosenfeld in protte programma's foar de VPRO-tillefyzje. In bekend tafreel út dy jierren wie dat se mei in blyndoek foar in pylkje nei in kaart fan Nederlân smiet om sadwaande it plak te bepalen dêr't se hinne gean soe om in dokumintêre oer te meitsjen. Foar har dokumintêre Culemborg Bijvoorbeeld krige se yn 1975 de Sulveren Nipkowskiif. Har lêste wurk, Zonder rabbinaal toezicht, waard yn maaie 2001 útstjoerd yn de searje Dokwerk. In skoftke dêrnei waard se siik. In stikmannich moannen letter stoar se yn de âldens fan 79 jier yn har wenplak Amsterdam. Se waard beïerdige op Begraafplak Zorgvlied.

Rosenfeld boaske twaris, yn 1950 mei John McCaughan Monk (1922-1979) en letter mei kollega Arie Kleijwegt dy't ek yn 2001 weirekke. Se krigen in dochter, de lettere sjoernaliste Margalith Kleijwegt.

Filmografy bewurkje seksje

 
Netty Rosenfeld yn 1977
  • Culemborg bijvoorbeeld (1975)
  • De misstap (1979)
  • De lijn (1983)
  • De jubilaris (1987)
  • Primo Levi, een levensschets (1991)
  • Lopende zaken - Een spannende dag (1994)
  • Hotel Martha Washington - Vrouwenverhalen uit New York (1996)
  • Zonder rabbinaal toezicht (2001)

Keppeling om utens bewurkje seksje