Neubrandenburg
Neubrandenburg (Nij-Brandenburch, Nedersaksysk: Niegenbramborg) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It is de haadstêd fan 'e lânkring Mecklenburgische Seenplatte. Oant 2011 wie Neubrandenburg in kringfrije stêd. De tsjintwurdige binnenstêd is it kulturele en toeristyske hert fan 'e stêd.
Neubrandenburg | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Meklenburch-Foarpommeren | |
Lânkring | Mecklenburgische Seenplatte | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 63.989 (2022) | |
Oerflak | 85.65 km² | |
Befolkingsticht. | 743 ynw./km² | |
Hichte | 18 m | |
Oar | ||
Stifting | 1248 | |
Koördinaten | 53° 33'N 13° 16' E | |
Offisjele webside | ||
www.neubrandenburg.de | ||
Kaart | ||
Lokaasje Nij-Brandenburch yn 'e dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
|
De stêd leit tusken de Eastsee yn it noarden, de Poalske stêd Szczecin yn it easten, de Dútske haadstêd Berlyn yn it suden en de havenstêd Hamburch yn it westen.
Skiednis
bewurkje seksjeNeubrandenburg is ferneamd nei de stêd Brandenburch oan de Havel en de Mark Brandenburch. Merkgreve Jehan I fan Brandenburch stifte de stêd op 4 jannewaris 1248.
De planmjittich oanleine binnenstêd waard oan it ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch systematysk troch it Reade Leger yn 'e brân stutsen. Mear as 80% fan 'e út de 18e en 19e iuw datearjende bebouwing gie ferlern. By de grutte brân fan 29 nei 30 april 1945 gyngen alle iepenbiere gebouwen yn 'e binnenstêd en it grutste part fan 'e winkels en hûzen binnen de stedsmuorren ferlern. Ek it Stedsslot en it âlde Riedshûs oan it Merkplein waarden net sparre.
De weropbou fan 'e binnenstêd hat sûnt de jierren 1950 it stedsbyld bot feroare. De measte wengebouwen datearje út de tiid fan 'e DDR. De histoarisearjende nijbou, dy't in bytsje basearre binne op de barokke en klassisistyske foaroarlochske arsjitektuer, ûntstie yn 'e jierren 1950. Dy binne sûnt 1951 yn it ramt fan it doetiidske kultuerprogramma yn 'e styl fan it Sosjalistysk klassisme boud.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeStedsmuorre
bewurkje seksjeNeubrandenburg is bekend fanwegen de goed bewarre dûbele stedsmuorre. De stedsmuorre is 2,3 kilometer lang en 7 kilometer heech en omklammet it hiele histoaryske sintrum. Om de omkriten te beweitsjen waarden fakwurkhûzen yn 'e muorren boud, de saneamde Wiekhäuser.
Stedspoarten
bewurkje seksjeMei ferwizing nei de noch besteande stedspoarten neamt de stêd himsels Vier-Tore-Stadt. De Treptower Tor, Neues Tor, Stargarder Tor en de Friedländer Tor binne de fjouwer poarten dy't tagong joegen ta de midsiuwske stêd. De 20 meter hege Friedländer Tor is de âldste poarte en datearret út 1300. De poarte is mar leafst 88 meter lang. De op ien nei âldste poarte is de Stargarder Tor, dy't tsien jier letter boud waard. Om 1400 hinne waard de 32 meter hege Treptower Tor boud, de heechste poarte fan 'e stêd. Healwei de 15e iuw waard de Neues Tor boud, wêrfan in diel fanwegen brekfalligens ferlern gyng.
Marijetsjerke
bewurkje seksjeBy de bombardeminten troch it Reade Leger yn 1945 waard de 7 iuwen âlde Marijetsjerke ferneatige. Yn 'e jierren 1970 waard de tsjerke wer opboud en iepene as konsertseal.
Musea
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neubrandenburch fan Wikimedia Commons. |