Nieder-Hilbersheim
Nieder-Hilbersheim is in wyndoarp yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Nieder-Hilbersheim is mei de stêd Gau-Algesheim ien fan 'e sân Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Gau-Algesheim.
Nieder-Hilbersheim | ||
Protestantske tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
ferbânsgemeente | Gau-Algesheim | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 647 (2022)[1] | |
Oerflak | 4,59 km² | |
Hichte | 244 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55437 | |
Koördinaten | 49° 54' N 8° 2' E | |
Offisjele webside | ||
www.nieder-hilbersheim.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeNieder-Hilbersheim leit súdwest fan Mainz yn 'e delling fan 'e Welzbach en hat in agrarysk karakter. By Nieder-Hilbersheim hearre ek de buorskippen Turnhalle, Raumühle en noch seis pleatsen bûten it doarp.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste fermelding giet op in oarkonde fan de abdij Seligenstadt út it jier 933 werom. Hilbersheim waard yn 'e stiftingsbrief fan it kleaster Disibodenberg yn 1108 foar it earst as 'Hilbriedesheim' neamd. De namme Nieder-Hilbersheim waard nei 1300 foar it earst brûkt.
Sûnt 1334 hat it doarp in tsjerke, dy't nei alle gedachten oan 'e hillige Martinus wijd wie. Ek it hjoeddeiske wapen fan Nieder-Hilbersheim draacht de namme fan 'e hillige.
-
Haadstrjitte.
-
Fakwurkhûs Cracegasse.
-
Marijekapel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|