Niersen is in buorskip yn de gemeente Epe, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De buorskip heart by Vaassen.

Niersen
Niersen: krusing Elburgerweg en Niersenseweg (2013)
Niersen: krusing Elburgerweg en Niersenseweg (2013)
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente Epe
himrik Vaassen
Sifers
Ynwennertal ± 50[1]
Oar
Postkoade 1345
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 17' 18" NB, 5° 54' 26" EL
Kaart
Niersen (Gelderlân)
Niersen

Niersen leit yn de bosken fan de Feluwe. De buorskip leit oan dyk wêr in soad grêfheuvels te finen binne.

Niersen bestiet al iuwen lang, it waard yn 1335 al neamd as Marka niirsen. De lizzing fan de grêfterpen oan de Elburgerweg suggerearret lykwols dat it gebiet om Niersen hinne nei alle gedachten sa'n 6.000 jier lyn al bewenne west hat.

Yn de midsiuwen libben de bewenners fan Niersen fan skiep en ikkerbou. De skieppestront waard brûkt as dong foar oer de ikker.

Yn it gebiet om Niersen hinne binne in soad sprengen te fine. Dy sprengen makken iere yndustrialisaasje yn it doarp Vaassen mooglik. Papiermûnen, waskerijen, forelkwekerijen, en oare troch wettermûnen oandreaune bedriuwen waarden oprjochte bylâns de rin fan de ferskate streamen.

It oanwêzige wetter makke ek lânbou mooglik en op de omlizzende heidefjilden hienen de minsken skieppekeppels te rinnen.

It Kroandomein It Loo slet Niersen oan de west- en súdkant yn.

Tegearre mei Gortel binne der yn Niersen allerhanne aktiviteiten en Aldhollânske spultjes op en om Keningsdei hinne. Dat evenemint bestiet sûnt 1946.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in art in oersetting fan d eNederlânske wikipedyside; foar boarnen en de bewurkingsskiednis sjoch op nl:Niersen