Drait (wetter)
De Drait, besteande út de Alddrait en de Nije Drait, is in âld rivierke, súdeastlik fan Drachten. De oarsprong fan it yn de rin fan de jierren kanalisearre en bedike streamke leit by Koartehimmen yn it Koartehimsterfjild, en rint 4 km. troch nei de Iester Sanning. It lêste ein tusken de Postbrêge en de Iester Sanning, dy de jachthaven en Bûtenstfallaat del, hjit Nije Drait. It wetter stiet yn iepen ferbining mei de Fryske boezum. De nammen Alde Drait en Nije Drait jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele nammen, as ferfanging foar it eardere Oude Drait en Nieuwe Drait.
Yn pre-histoaryske tiden wie de Drait in folle langere stream dêr't it grutte, ûnûnderbrutsen, heechfeangebiet (ûntstien op de pleistosene grûnen nei de op ien nei lêste iistiid) eastlik fan Drachten, oant rûchwei Trimunt yn Grinslân, op ôfwettere. Op de hjirneist ôfbylde makette is te sjen dat de haadstream sa'n bytsje parallel oan it streamgebiet fan De Boarn rûn. De reade stippelline is de grins fan Smellingerlân mei Opsterlân [1].
At de rekonstruearre haadstream fan de Drait op in topografyske kaart fan no lein wurdt, kin de rin frijwat sekuer omskreaun wurde. Op de makette begjint er noardeast fan Fryske Peallen oan de Skieding, krúst nei it súdwesten De Feart boppe Oerterp, rint oer yndustryterrein Azeven, krúst it Selmien, bûgt dan noardlik fan Olterterp in bytsje nei it westen om dan yn it Koartehimsterfjild in skerpe draai nei it noardwesten te meitsjen en yn de Iester Sanning út te kommen.
De boppeste sydearm fan de Drait op de makette rint rûchwei fan it Oerterpsterfallaat dwers troch it sintrum fan hjoeddeisk Drachten, justjes besuden de lettere Drachster, om krekt besuden Bûtenstfallaat by de haadstream oan te sluten. De Noarder Drait (mei as oerbliuwsel de Burmaniasleat) wie de meast noardlike fan de njoggen sydtûken, mar dy falt bûten de makette.
Namme
bewurkje seksjeDe namme Drachten komt ek fan Drait. Drait komt fan dracht, drecht, dracht, dreit , wêrfan de betsjutting net hielendal wis is, mar faaks moat tocht wurde oan in betsjutting sa as yn: 'it lân is deldrachtich, draacht del, rint ôf'. Yn 1543 hjitte de Drait noch Dracht. [2]
Yn it ramt fan de ruilferkaveling-Alddjip begjin jierren 1960 wie de Drait in stream wurden mei steile ouwers, hielendal ynrjochte op it hurd ôffiere kinne fan wetter. Wetterlossing op de Iester Sanning troch frij ferfal koe doe ek al lang net mear. Op 5 septimber 1962 waard it gemaal 'Deldracht' (sjoch nammeferklearring boppe) yn in parallel rinnende tocht, by de Poastbrêge yn de wei nei De Wylgen, iepene mei genôch kapasiteit om de 1400 ha súdwestlik fan Drachten te bemealen.
De provinsje hat de Drait yn de jierren 1990 lykwols opnaam yn in wiete ferbiningssône tusken it streamgebiet fan De Boarn/Keningsdjip en it leechfeangebiet fan Midden Fryslân. Fia de Nije Feart en it Ferbiningskanaal is de Drait nammentlik ferbûn mei die beekdelling.
Om de funksje fan ekologyske ferbiningssône ferfolle te kinnen moasten ouwers en begroeing oanpast wurde. Fral it oansjen fan it stik Drait neist de wenwyk Himsterhout is drastysk feroare. De ouwers rinne no flauw ôf, binne dêrtroch breder wurden en boppedat binne der parallelle wetters oanlein. Fuort oan it wetter is no in reidseame mei ek Tuorrebout, in stikje fierder sompige rûchte (sa'n 25 soarten sompeplanten binne invertarisearre yn 1997/98) en strewiel fan Wylch, Flear en Hagedoarn.
Fierder stream ôf (sjoch boppeste ôfbyld) bestiet de seame allinne út in smelle reidkraach en noch wat mear nei it noarden rint de sône troch it gebiet mei de jachthaven fan Bûtenstfallaat. [3] De deun neistlizzende wyk De Trisken, mar ek de Himsterhout en De Drait soargje foar drokte oer in lingte fan sa'n 2 km Drait. Der rint in skelpepaad oer de dyk, der wurdt kuiere en fiske. Kritisi sette dêrom fraachtekens by de effektiviteit fan de Drait as ekologyske ferbiningssône.
Gedicht
bewurkje seksjeDe âlde Dreit
- Hoe fier ek fan de âlde Dreit fandinne,
- yn Menton, Monte Carlo of Lyon,
- mei froulju sa smûk foar de sinnen
- en mannen sa moai as Endymion;-
- ik tocht dochs oan dy, dû stream,
- dy't sa sêft syn wetter lâns Drachten lûkt,
- hwant dû bist sa âld as de âldste dream;-
- Willibrord hat dyn wetter foar dopen brûkt
- en preke fan 't hymjend hart by kleare wetters,
- wetters sa klear as de Dreit,
- dy't sa nei by Drachten,
- sa nei by de Himel leit.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|