Nije Synagoge (Mainz)
De Nije Synagoge (Dútsk: Neue Synagoge) oan 'e Hindenburgstraße yn Mainz waard op 3 septimber 2010 iepene en folget de eardere haadsynagoge op, dy't yn 1938 yn 'e Kristallnacht yn 'e brân stutsen en ferneatige waard. Yn it ramt fan 'e bou fan 'e hjoeddeiske synagoge waard it oangrinzgjende plein yn it Synagogenplatz omneamd.[1]
Nije Synagoge | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | Mainz | |
adres | Hindenburgstraße | |
koördinaten | 50° 0' N 8° 15' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Manuel Herz | |
boujier | 2010 | |
Webside | ||
Side joadske mienskip Mainz | ||
Kaart | ||
Skiednis joadske gemeente
bewurkje seksjeMainz, dat troch de joaden "Magenza" neamd wurdt, is sûnt de midsiuwen in wichtich sintrum foar it Dútske joadendom. Yn Hebriuwske boarnenen waarden de stêden Mainz, Speyer en Worms sûnt de 12e iuw as Kehillot (gemeenten), Spira, Warmaisa en Magenza of ek as "hillige gemeenten", oantsjut. Sûnt july 2021 binne de joadske oantinkens as ShUM-lokaasjes tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Yn 'e rin fan 'e tiid waarden de joaden fan Mainz jimmeroan wer slachtoffer fan pogroms en ferfolgings. De slimse ferfolgings fûnen plak by de pogrom fan 1097 en ûnder it nasjonaalsosjalistyske bewâld. Tusken 1939 en 1945 binne meiïnoar 1300 oant 1400 Mainzer joaden fermoarde.
Nei de Twadde Wrâldkriich ûnstie yn oktober 1945 wer in nije joadske gemeente yn 'e stêd, dy't stadichoan, mar fral nei de fal de muorre, troch immigraasje út East-Europa oant likernôch 1.050 (2006) leden woeks.
Synagoge
bewurkje seksjeYn 1999 waard foar in nij te bouwen synagoge mei in mienskipssintrum in wedstriid útskreaun. De arsjitekt Manuel Herz levere it winnende ûntwerp. De kosten fan de bou waarden rûsd op likernôch 11 miljoen euro en foar elts in tredde dield troch de stêd Mainz, Rynlân-Palts en Berlyn. De fergunning foar de bou waard yn 2000 ôfjûn en it gebou fan de sintrale dûanepost dy't sûnt 1955 op it plak stie waard yn oktober 2008 ôfbrutsen. Op 3 septimber 2010 waard de synagoge iepene, deselde datum as ek de iepening fan de yn 1938 ôfbaarnde haadsynagoge. Mei de iepening fan de nije synagoge yn it jier 2010 op it plak fan de eardere haadsynagoge is dy joadske gemeente wer yn it hjoeddeiske stedsbyld oanwêzich. Noch oanwêzige resten fan de haadsynagoge hawwe in plak foar de moderne synagoge krige.
Alde synagoge
bewurkje seksjeYn it stedsdiel Weisenau stiet oan de Wormser Straße 31 ferside efter bebouwing in lytse synagoge út de earste helte fan de 18e iuw. Om't de synagoge ticht op besteande bebouwing stie, waard it gebou yn 1938 sparre foar ferneatiging. It is tsjintwurdich it âldste gebou fan it stedsdiel en sûnt 1996 is de synagoge wer iepene.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|