Nijegeaster Feart
De Nijegeaster Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren (foarh. Gaasterlân-Sleat). De feart rint fan de Wâldwei fia Ealahuzen út yn De Fluezen. Foarhinne wie dit de feart dy't it doarp Nijegea (dat yn 1966 opgie yn Ealahuzen) mei De Fluezen ferbûn.
De namme Nijegeaster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nijegaastervaart.