Nijsleatster Feart
De Nijsleatster Feart is in feart yn de gemeente It Hearrenfean en Opsterlân. De feart rint fan de Skoatterlânske Wei, oan de westkant fan Bontebok tusken Langsweagen en Jonkerslân troch nei it easten. Dêrnei giet it wetter nei in heakske bocht, ûnder de diken De Nije Sleat en de Fûgelsang troch. Dan fierder nei it noarden ûnder de Hege Dyk troch. Uteinlik rint de Nijsleatster Feart út yn de Nije Feart, west fan De Gordyk.
De namme Nijsleatster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwslootstervaart.