Nikitatsjerke (Vladimir)
De Nikitatsjerke (Russysk: Никитская церковь; transl. Nikitskaja tserkov) is in otterdokse tsjerke út de 18e iuw yn 'e stêd Vladimir, Ruslân. It monumint stiet yn it stedssintrum, net fier fan 'e Gouden Poarte. It gebou fan trije ferdjippingen yn wite en griene kleuren is in opfallend gebou dy't de Russyske barok fertsjintwurdige. De tsjerke stie model foar de letter boude Trije-ienheid-Tichvintsjerke yn Dmitrov.
Nikitatsjerke
Никитская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vladimir | |
plak | Vladimir | |
koördinaten | 56° 07' N 40° 23' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1760 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 361310010650006 | |
Webside | ||
sv-nikita.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard boud op kosten fan Simon Lazarev op it plak, dêr't earder in kleaster stie dat diel útmakke fan it ferdigeningssysteeem fan 'e stêd. It oan 'e hilligen Kosmas en Damianus wijde kleaster stie dêr al sûnt de 12e iuw yn 'e tiid Andrej Bogoljûbsky, grutfoarst fan Vladimir. It kleaster ferlear de ferdigeningsfunksje yn 'e 16e iuw; wannear't it ôfbrutsen waard is net bekend.
De oarspronklike Nikitatsjerke wie krekt wat oars as hjoeddedei. Yn 1849 waard de tsjerke oan beide kanten mei twa ferdjippings tellende oanbousels útwreide.
Sovjet-tiid
bewurkje seksjeNei de Oktoberrevolúsje besochten de anty-religieuze autoriteiten de tsjerke ferskate kearen te sluten. Yn 'e jierren 1936-1937 liet it stedsbestjoer in rige fan arrestaasjes útfiere fan geastliken, dy't beskuldige waarden fan anty-Sovjet aktiviteiten. Yn 1938 folge de sluting fan 'e tsjerke.
De tsjerke waard fan 1970 oant 2015 brûkt troch in restauraasje-atelier, dy't it ynterieur foar in part fernielde. Sa waard de simmertsjerke ferdield yn twa etaazjes. De boppeferdjipping waard brûkt foar de opslach fan weardefolle saken en boppe yn 'e toer waard in útsjochplatform ynrjochte.
Weromjefte
bewurkje seksjeYn augustus 2015 waard it gebou werom jûn oan it bisdom Vladimir fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke en sûnt wurde der wer earetsjinsten fierd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Никитская церковь (Владимир)
|