Nikolaaskleaster (Verchotoerje)

It Nikolaaskleaster is in Russysk-otterdoks kleaster yn 'e stêd Verchotoerje yn 'e oblast Sverdlovsk, Ruslân.

Nikolaaskleaster
Николаевский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Verchotoerje
koördinaten 58° 51' N 60° 48' E
Kleastergegevens
oprjochting 1604
opheffing 1924
weriepening 1990
Ynformaasje bou
boujier 19e, 20e, 21e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 661720944220006
Webside
monastyr.org
Kaart
Nikolaaskleaster (Jeropeesk Ruslân)
Nikolaaskleaster

Stifting bewurkje seksje

It kleaster waard yn 1604 troch de muonts Jona stifte op in heuvel tusken de rivieren de Каlаtsjik en de Svijaga, dy't yn 'e Toera útmûnje. De muonts wie ôfkomstich út Jeropeesk Ruslân en it is net bekend hoe lang oft er it kleaster late. Oant 1704 wie it libben yn it fierder net sa bekende kleaster dreech, al stie it ûnder beskerming fan 'e tsaren. Dat feroare yn dat jier op 12 septimber, doe't de reliken fan 'e Russyske hillige Sint-Siméon (± 1607-1642/1659) út Merkûsjino nei it Nikolaaskleaster oerbrocht waarden. Mei de komst fan 'e reliken sette in beafearttradysje útein en yn 1864 waard foar de hillige in sulveren skryn makke. Sawol eartiids as hjoeddedei foarmje dy reliken in wichtich doel foar grutte tallen pylgers.

Bou katedraal bewurkje seksje

 
Кrúsferheffingskatedraal.

Yn 1904 fierde it kleaster it 300-jierrich jubileum en de 200e jierdei fan 'e komst fan 'e reliken fan 'e hillige Siméon. Ta oantinken fan dy fieringen waard op 12 septimber 1905 útein set mei de bou fan in stiennen katedraal mei trije faience-ikonostazes. De katedraal, ien fan 'e grutste katedralen fan Ruslân, waard op 11 september 1913 wijd, it jier dat it hiele lân it 300-jierrich jubileum fan 'e Romanov-dynasty fierde. Troch Raspûtin ûnderhold de keizerlike famylje oan it begjin fan 'e 20e iuw waarme bannen mei it kleaster. By de ynwijing fan 'e katedraal droech de abt in gewaad, dat makke wie fan 'e kroaningsjurk fan 'e keizerinne, dy't hja mei eigen hân borduerd hie. Der waard ek in houten gasteferbliuw boud foar de keizerlike famylje om de ynwijing by te wenjen, mar dy wie ferhindere en koene de plechtichheden net bywenje.

Sovjet-tiid bewurkje seksje

 
Skryn fan Sint-Siméon.

Yn 1920 waard de lêste argimandryt fan it kleaster Ksenofont (wrâldske namme Konstantin Petrovitsj Medvedev) oppakt en nei de finzenis fan Jekaterineburch stjoerd op beskuldiging fan gearwurking mei it Wite Leger fan Koltsjak. Letter waard er noch in pear kear oppakt en nei de lêste arrestaasje waard er ferballe nei de kampen foar it oanlizzen fan it Wite-Seekanaal. Oer syn lot is fierder neat bekend, mar yn 1989 is er rehabilitearre.

Nei de arrestaasje fan Ksenofont waard it kleaster yn 1925 sletten en yn 'e Sovjet-tiid waarden jonge delinkwinten yn it kleaster opsletten. De reliken fan Sint-Siméon binne yn 'e Sovjet-tiid yn beslach nommen en oerbrocht nei it museum, dêr se ynearsten foar anty-religieuze doelen útstald waarden en letter yn 'e opslach telâne kamen. Fan it kompleks hat allinne de yn 1867 boude Neofyttsjerke it net oerlibbe.

Weromjefte bewurkje seksje

It kleaster krige yn 1990 syn oarspronklike funksje werom en ûnder lieding fan 'e hegumen Tichon waarden yn koarte tiid de poartetsjerke, de Transfiguraasjetsjerke en oare kleastergebouwen restaurearre. De reliken fan Sint-Siméon binne yn 1989 oan 'e Tsjerke werom jûn en nei de restauraasje fan it kleaster op 25 septimber 1992 mei in plechtige prosesje werom brocht nei de Transfiguraasjetsjerke. Tsjintwurdich stiet de skryn fan Sint-Siméon yn de Krúsferheffingskatedraal. Sûnt dy tiid is it kleaster ek wer in drok beafeartsplak. De trije ikonostazen fan 'e katedraal oerlibben de ûnderdukking yn 'e Sovjet-tiid net, mar binne rekonstruearre. Ek it foar de keizerlike famylje boude houten hûs is bewarre bleaun.

Tsjerken bewurkje seksje

  • Katedraal fan 'e Krúsferheffing (1905-1913)
  • Transfiguraasjetsjerke (1821-1834)
  • Tsjerke fan Siméon en Anna (1855-1863)
  • Nikolaastsjerke (1999)

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Свирский монастырь